Keninginne Máxima by ûndertekening konvenant muzykûnderwiis yn Fryslân

augustus 24, 2018 10:35

Keninginne Máxima is, as earefoarsitter fan Méar muzyk yn ’e klasse, op tongersdei 20 septimber 2018 oanwêzich by de ûndertekening fan it gearwurkingskonvenant muzykûnderwiis Fryslân yn Skouboarch De Lawei yn Drachten.

Foto: B. Homburg

It gearwurkingskonvenant floeit fuort út it programma Méar muzyk yn ’e klasse Lokaal. It programma, opset troch de stifting Méér Muziek in de Klas, moat derfoar soargje dat yn 2020 alle 1,6 miljoen bern op de basisskoalle struktureel muzykûnderwiis krije. Dat bart troch lokale en regionale partijen mei-inoar te ferbinen en gearwurkje te litten. Der binne al konvenanten tekene yn de provinsje Limburch, de stêd Grins en in part fan Gelderlân.

Yn Drachten wurdt in konvenant tekene dêr’t de belutsen partijen by garandearje dat alle 52.000 basisskoalbern yn de provinsje Fryslân struktureel muzykûnderwiis krije sille. De behelle partijen binne ûnder oare de gemeenten, mear as fyftjin skoalbestjoeren, provinsje Fryslân, kulturele ynstellings as Keunstwurk, PABO NHL Stenden, Ljouwert-Fryslân 2018, Prins Claus Konservatoarium en de Organisaasje foar Muzykferienings Fryslân (OMF). De ûndertekening wurdt fierd mei in liet, songen troch mear as sânhûndert Fryske bern en optredens fan Nynke Laverman, Circus Adje Orkest en Noordpool Troupe.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.meermuziekindeklas.nl.

augustus 24, 2018 10:35
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Tjitske augustus 26, 22:19

    Wat Bin ik bliid mei dit konvenant. Ien fan de wichtige saken dy’t meastal ûntbrekt by ús ûnderwiis is Bern yn kontakt bringe mei muzyk. Jo Ha der je leven lang plezier fan.Kennismeitsje mei muzykinstrumenten mar ek sjonge meielkoar.Muzyklearkrêften binne fuortbesúnige.Spitichgenôch kin net elke âlder muzykûnderwiis betelje, dus skoallen pak it wer op!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*