Jubileumedysje Dimter boekemerk yn gleie sinne
Resint ferskynd
Eigner Jos Boelhouwer fan útjouwerij Le Chat Mort út Ketlik slacht noait in jier fan de Dimter Boekemerk oer. Hy is de grutste útjouwer fan Frysktalige stripboeken, fertelt er optein. Wakker grutsk is er op de Obe Postmapriis dy’t syn oersetters Harke Bremer en Jarich Hoekstra krigen foar oersettings fan Bommelferhalen. Yn syn kream lizze Fryske ferzjes fan Bommel, Erik de Noarman, Asterix & Obeliks en Suske & Wiske. Dy ferkeapje ornaris bêst, sa fernijt Boelhouwer. Fan de beide lêste rigen doart er wol oplagen fan 5.000 oant 10.000 eksimplaren oan. Ornaris rekket er dy flot kwyt, allinnich de lêste jefte fan Suske & Wiske, De Boartlike Boarre, koe er oan de strietstiennen noch net slite. Hy kin dêr mar net by. Want wat is no it ferskil mei dy oare útjeften dy’t as swiete broadsjes de doar út giene? Yn alle gefallen ynearsten mar efkes tuike-oan mei nije útjeften.
Tsientûzenen besikers lutsen harren neat oan fan de gleie sinne en teagen hjoed nei de 30ste edysje fan de Dimter Boekemerk.
Antikêr Geert Poorthuis út Dimter hat trije diskes, ien mei Ingelske en ien mei Nederlânsktalige science fiction en noch ien mei Nederlânske literatuer. Hy is o sa bliid dat er hjir no wer stiet, mei syn frou Lies en skoansuster Paulien, want ferline jier waard er fuort nei de boekemerk slim siik. Mar hy oerwûn syn krupsje folslein en genietet wer fan de dei dat er fierwei de heechste omset fan it jier draait.
Mei mear as 850 diskes, allegearre tropfol mei boeken, dy’t oer in lingte fan goed seis kilometer troch de Dimter strjitten bochtsje, is dit de grutste boekemerk fan Europa.
Lês oer de Dimter boekemerk fan trije jier lyn en dy fan fiif jier tebek.
© Foto’s It Nijs









Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje