Jildynsammelaksje foar It Nijs fanwege rjochtsaak

augustus 10, 2018 09:58

Foto: pixabay.com

Nei in rjochterlike útspraak oer in auteursrjochtekwestje hat ItNijs.frl likernôch tweintichtûzen foto’s fan de webside helle. De Ried fan de Fryske Beweging moat sa’n 3000 euro betelje nei’t op It Nijs by fersin in tal foto’s fan in fotograaf publisearre binne.

In lêzer fan It Nijs kaam op it idee foar in jildynsammelaksje. Hy ropt trouwe lêzers op om in tientsje oer te meitsjen nei de Ried. Mear mei fansels ek. Wa’t meidwaan wol, kin de sinten oermeitsje op bankrekken nûmer NL55 INGB 0001 1234 54 fan de Ried fan de Fryske Beweging yn Ljouwert, by foarkar ûnder fermelding fan ‘Rjochtsaak It Nijs.’

Lês hjir it hiele berjocht oer de rjochtsaak.

augustus 10, 2018 09:58
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. FrisianTea augustus 10, 23:01

    Hawwe jo in “PayPal” foar helpe mei de rjochtsaak? Ik wol graach stipje, mar bin in bûtenlanner. Tige tank.

  2. Arjen augustus 13, 19:26

    At jo jild oermeitsje wolle (út it bûtenlân wei nei Nederlân) dan kin dat mei dizze gegevens:

    IBAN: NL15 RABO 0132 2601 58
    BIC: RABONL2U
    Op namme fan: st. Ried fan de Fryske Beweging te Leeuwarden

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.