Jan Willem Zwart: fakânsje

augustus 25, 2018 20:00

Kollum

Ut ûndersyk docht bliken dat der krekt nei de fakânsjes nochal wat houliken skipbrek lije. De fakânsje bringt de leden fan in húshâlding tichter byinoar en der moat trije wike gesellich dien wurde. Yn de rest fan it jier wurdt der hurd wurke en binne der hichtepunten fan stress en in (te) drok bestean. It liket dan wol oft alles tagelyk moat. Wurkje, sporte, freonen opsykje, hûs ûnderhâlde, grutter hûs bouwe, bern fuortbringe nei sport of hobby, en dan ynienen falt de rêst deryn.

Fakânsje! De frou tinkt: wa is dy man? De man tinkt: sy is sa oars. De bern wolle leaver thús mei harren eigen freonen boartsje. De lange reis makket it mei-inoar praten ek net makliker. Neistinoar yn de auto sitte, de bern op ’e efterbank. Hjit en yn ’e file, allegearre yngrediïnten dy’t stress opleverje. Miskien binne dy fakânsjegongers wol frjemden foarinoar wurden. As je frjemd foarinoar binne, dan falt it net mei om trije wike mei-inoar yn in waarme tinte te sitten. In spultsje Rummikub dwaan kin al reden wêze foar in tsjokke rûzje.

Fakânsje is ek in tiid dy’t brûkt wurde kin om it ferfrjemdzjen tsjin te gean en ris nei it eigen libben te sjen. Is dit wat ik wol? Moat ik trije wike hawwe om by te kommen fan myn wurksume libben? Hoe wichtich is myn libben en hokker kar meitsje iksels?

It is dan ek net om ’e nocht dat just yn de fakânsje minsken tichter byinoar komme en beslute om harren libben radikaal oars yn te rjochtsjen. In camping te begjinnen yn in waarm lân, of just tichter by hûs in bêd-en-brochje te begjinnen, of op te hâlden mei it wurkjen by de baas. In kar meitsje.

Werom op it wurk, liket it dat it fan ’t jier oars is. Mar al gau binne der wer ôfspraken dy’t neikommen wurde moatte en noch foardat de bern wer nei skoalle binne is der al wer in wurkjend ritme. It soe oars fan ’t jier. Dochs?

Fakânsje is yn elts gefal in tiid om jin te besinnen. Te sjen wat men sels hat, moat en wol. Dat is goed foar de harsens. Miskien is it noch wol better foar de harsens om âlderwetske rêstmominten yn it deistige libben yn te bouwen. It gefoel fan ferfelen te omearmjen en just dêrtroch tichter byinoar te kommen en te bliuwen.

Ik hoopje dat jo in goede fakânsje hân hawwe.

 

 

 

augustus 25, 2018 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.