ItNijs.frl hellet tweintichtûzen foto’s fan webside

augustus 2, 2018 09:44 Fernijd

As gefolch fan in rjochterlike útspraak oer in auteursrjochtekwestje hat de digitale krante ItNijs.frl likernôch tweintichtûzen foto’s fan de webside helle.

Rjochtsaak

Foto: pixabay.com

It folslein Frysktalige nijsblêd wurket mei in tige beheind budzjet en brûkt dêrom rjochtefrij byldmateriaal. Lykwols is yn de deistige hektyk fan de nijsfoarsjenning in flater altyd mooglik, benammen om’t de rjochten fan foto’s net altyd dúdlik binne. Dat ferdútste de Ried fan de Fryske Beweging, de oanbieder fan It Nijs, by de kantonrjochter, yn in saak om it by fersin publisearjen fan twa foto’s dêr’t in fotograaf goed twatûzen euro foar easke. De Ried – dy’t om de kosten te beheinen gjin abbekaat hie – joech ta skuldich te wêzen, want de ferantwurdlikheid om rjochten te efterheljen leit neffens de wet by de brûker fan in foto, mar makke beswier tsjin de hichte fan it easke bedrach. It rekkenjen fan mear as in pear tsientsjes foar it brûken fan foto’s dy’t likegoed rjochtefrij te besetten binne, wie neffens in wurdfierder fan de Ried by de rjochtsaak net binlik: “Beteart it dan net yn it misbrûken fan it auteursrjocht foar in fertsjinmodel?” Om’t de beide foto’s dêr’t it konflikt om draaide in oantal kearen op de webside publiseare wienen en om’t se ûngemurken lang op de webside stien hienen, kaam de fotograaf, ynklusyf in opslach foar it sûnder nammefermelding publisearjen, op it folle hegere bedrach. Hoewol’t der fansels gjin kontrakt sletten wie tusken de Ried en de fotograaf, berôp de fotograaf him op algemiene betingsten en hege tariven fan de beropsorganisaasje foar profesjonele fotografen. De rjochter gie yn dy redenaasje mei.

De ferdigening fan de Ried dat de oanbelangjende artikels net populêr wienen en de foto’s nei alle gedachten sadwaande mar troch in pear hûndert minsken sjoen binne, dienen neffens de rjochter net ta de saak. Likemin as it feit dat It Nijs in taalbefoarderingsprojekt is – fan in stifting sûnder kommersjeel eachmerk, dy’t mei ANBI-keurmerk krewearret foar in goed doel – bedoeld om Friezen te stypjen harren taal te behâlden troch it lêzen dêrfan te stimulearjen. It argumint dat de fotograaf gjin werklike skea litte, om’t It Nijs nea foto’s keapet, wylst it beteljen ‘fan sa’n knoarre jild just grutte skea tabringt oan de organisaasje fan It Nijs’, lykas de Ried foar de rjochtbank úthold, waard allyksa fan de hân wiisd. Dat de oanbelangjende foto’s fuortendaliks nei’t de fotograaf him melden hie, fuorthelle waarden, late net ta ferleging fan it bedrach en de rjochter woe neat witte fan it oanbod fan de Ried om de skea yn de foarm fan advertinsjes foar de fotograaf te fergoedzjen. “Jim ha gjin rjocht op it yn natura foldwaan fan de skeafergoeding”, ornearre de rjochter.

ItNijs.frl faai

Op grûn dêrfan waard de kleem folslein tawiisd – allinnich € 150,- euro dy’t earder al by in besykjen de saak te skikken oermakke wie, waard derfan ôflutsen – en ferhege mei de proseskosten kaam de skea foar de Ried mei-elkoar op omtrint trijetûzen euro. Dat is in bedrach dêr’t It Nijs ornaris in pear moanne op draaie kin. Om’t troch sokke hege kleems It Nijs faai komt te stean hat ynternetbedriuw Pronamic in programma ynstallearre dat de foto’s foar de wissichheid út de measte berjochten yn it nijsargyf filteret. Hoewol’t dy artikels dêrtroch minder oantreklik wurde, kin it âlde nijs, dat gauris in kontekst jout oan de aktualiteit, der noch hieltyd op neisjoen wurde. Lêzers dy’t no wichtige foto’s misse yn artikels kinne kontakt opnimme, fia ynfo@itnijs.frl, dan besjocht de redaksje oft dy lykwols wer frijjûn wurde kinne foar publikaasje.

Faker problemen mei auteursrjochten

In mooglikheid fan in yn natura skeafergoeding, lykas útsteld troch de Ried fan de Fryske Beweging, soe foar folle mear maatskiplike organisaasjes dy’t net by steat binne om hege kosten troch soartgelikense auteursrjochtkwestjes werom te fertsjinjen, wolkom wêze. Want de beskreaune kwestje is gjin útsûndering.

© Wikimedia / Gerard Hogervorst

Nei oanlieding fan in ferlykbere saak hawwe argyfynstellings earder dit jier hûnderttûzenen foto’s út foarsoarch fan harren websiden helle. Erfgoed Leiden hie sûnder tastimming ansichtkaarten út de jierren fjirtich en fyftich publisearre. Dat Leiske argyf wist net wa’t de fotograaf wie en hie oannommen dat publikaasje nei santich jier tastien wie. Foar útjouwers ferfalle auteursrjochten yndied nei sa’n skoft, foar makkers bliuwe de rjochten lykwols oant santich jier nei harren dea jildich. Yn dit gefal wie de fotograaf nei it jier 2000 ferstoarn en de útjouwer kleemde mei súkses de auteursrjochten dy’t yn de jierren tachtich oerdroegen wienen. Erfgoed Leiden moast foar 25 foto’s € 75,- de foto betelje en wie mei proseskosten derby € 12.500,- kwyt. De bransjeferiening fan argyfynstellings fynt it mei de hantearre ynterpretaasje fan de wet suver ûnmooglik om harren wurk noch goed te dwaan en tekenet berop oan.

De Ried fan de Fryske Beweging docht dat net, om’t de risiko’s op noch folle hegere kosten te grut binne, nettsjinsteande it feit dat yn in eardere ferlykbere rjochtsaak om in foto op It Nijs in folle legere skeafergoeding takend waard, ûnder oaren om’t de rjochter doe it lytse berik fan de webside al meiwoech en gjin ekstra boete joech foar it ûntbrekken fan nammefermelding. By de beide rjochtsaken tsjin de Ried wie de takende fergoeding nammers leger as de abbekaatskosten dy’t de fotografen neffens de prosesstikken makke hawwe.

augustus 2, 2018 09:44 Fernijd
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. L augustus 3, 08:56

    As no trijehûndert trouwe lêzers ien tientsje stoarte…..? Ik begjin.

  2. Bestjoer augustus 4, 14:05

    Dat is fansels in treflik inisjatyf, L! Wa’t meidwaan wol, kin de sinten oermeitsje op bankrekken nûmer
    NL55 INGB 0001 1234 54 fan de Ried fan de Fryske Beweging yn Ljouwert, by foarkar ûnder fermelding fan ‘Rjochtsaak It Nijs.’

  3. L augustus 5, 13:36

    Hâld ús op ‘e hichte 😉

  4. aant mulder augustus 6, 11:40

    Ik doch mei! Ik soe it moai fine as de redaksje fan It NIjs royaal omtinken jout oan dizze gong fan saken, dat in frijwilligersorganisaasje tûzenen euro’s foar in pear foto’s dy’t by fersin brûkt binne, betelje moat. Mei in oprop oan de lêzers in tientsje te stoarten (nûmer neame) !!!!!

  5. Eric augustus 10, 11:08

    Spitich dat sa’n rjochter nei wat mear fan Salomo yn him hat.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.