It spyt my

augustus 20, 2018 13:42

troch Jabik van der Bij

Minister Blok leit al in skoft ûnder fjoer. Foar de fakânsje wie der al in protte argewaasje oer syn útspraken yn in besletten gearkomste. Hy hie dêr sein dat yn wêzen in multy-kulturele mienskip net bestean kin. Hy ljochte dat fierder ta mei de bewearing dat minsken graach yn in oersichtlike groep fan soartgenoaten libje om “te jagen of een dorpje te onderhouden.” As bewiis fan syn stelling neamde er Suriname in failed state. Jo kinne út syn wurden opmeitsje dat er graach in mienskip ha wol dêr’t alle leden oer alles gelyk tinke en dogge. In multi-kurele mienskip kin net bestean.

Stef Blok, 2018 (foto Wikimedia Commons)

No’t it simmerreses foarby is en de politisy wekker wurden binne út har simmersliep moat Blok wer op it harspit. De messen waarden de lêste dagen slipe. Kin sa’n man noch wol minister bliuwe? De opposysje wol fan minister-presidint Rutte witte hoe’t hy dêr foaroer stiet. Hy soe ôfstân nimme moatte fan de útspraken en Blok nei hûs stjoere. Mar Rutte fynt dat Blok al genôch sein hat dat it him spyt en dat er it nea sizze moatten hie.

Oant safier de gong fan saken. De fraach bliuwt fansels oft Rutte gelyk hat. Noch ôfsjoen fan it feit dat Blok net folle sjoege hat fan de Nederlânske skiednis mei syn iuwenlange tradysje fan in grut ferskaat oan befolkingsgroepen mei in eigen wize fan libjen. En wêr fynt Blok in mienskip dêr’t gjin ferskaat is? Hy sil ek wol leauwe yn in ‘Nederlânske identiteit’ of op syn minst wolle dat dy der is. Mar eins is it folle nijsgjirriger om te witten wêr’t Blok no eins krekt spyt fan hat. Fansels dat er dat sein hat; dat er nea sizze moatten hie wat er fynt, wat syn djipste en hillige oerstjûging is? Of bedoelt er te sizzen dat syn opfettingen net doge, dat er ynsjocht dat er it by de ferkearde ein hat? As dat sa is dan mei er om my wol bliuwe. Mar ik bin bang dat it om it earste draait: ik hie my net sa bleat jaan moatten troch te fertellen wat djip yn myn siel libbet. Mei oare wurden: ik hie my better de tonge ôfbite kinnen yn stee fan yn myn hert sjen te litten. Lykas it hast wenst wurden is yn Nederlân hat er tocht: ‘ik sis sorry en bied myn ekskuzen oan, dan is dat ek wer foarby.’ Doe’t it net holp is er noch wat djipper troch de modder gien mei syn ferûntskuldigingen. Omdat it baantsje rêden wurde moat? En dêr ha ik de measte argewaasje fan: sis net ‘it spyt my’, mar wês in keardel mei in rêchbonke en sis dat jo der sa oer tinke en dêrmei basta. Tusken heakjes, hoewol’t ik it folslein ûniens bin mei Blok, ik soe se net graach de kost jaan dy’t itselde tinke en sizze.

Rutte en Blok sille it wol wer oprêde, want yn dit lân mei syn izeren partijdissipline binne alle debatten om ’e nocht. De útkomst stiet al fêst, hokker toanielstikjes der ek opfierd wurde yn de Twadde Keamer. It dualisme hat nea in poat oan ’e grûn krige.

augustus 20, 2018 13:42
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Inne Bilker augustus 22, 12:07

    Jabik hat grut gelyk. De VVD en it kabinet moat rêden wurde.Earder binne der ministers weromtrêde om folle minder boute útspraken. Wér in opdonder foar de polityk

  2. H. augustus 22, 21:06

    De Nederlânske skiednis hat ek in tradysje fan in hele protte striid tusken groepen: politike lykas skier en fet, godstsjinstige lykas roomsk en protestant, regionale lykas Hollân en Fryslân, sosjale lykas earm en ryk, talige lykas Nederlânsk en Frânsk.

    Dat al dy groepen no aardich freedsum byinoar wenje én in Nederlânske identiteit diele, is net in realiteit dy’t wy op it ferline projektearje moatte. It skeppen fan dy Nederlânske identiteit wie in bewust projekt dêr’t yn de santjinde ieu mei begûn is. Dêr is in pear hûndert jier lang hurd oan wurke.

    Noch yn de achttjinde ieu wie der in boargeroarloch tusken patriotten en oranzjisten, in oproer oer in nije psalmoersetting, joaden mochten gjin lid fan in gilde wêze, katoliken gjin bestjoerder.

    Noch yn de njoggentjinde ieu hienen plakken har eigen tiid, hienen streken har eigen maatienheden, wie der gjin mienskiplike sprektaal, makke België him mei in oarloch los út it steatsferbân, omdat de kultuerferskillen te grut wienen.

    Noch yn de tweintichste ieu wie der in fûle sosjale striid, wienen der skuorringen yn ‘e tsjerke, wie der gjin mienskiplike sprektaal, wienen yn in soad gemeenten prosessys ferbean.

    Sûnder de yndustriële revolúsje, de Frânske besetting, de spoarwegen, de ûnttsjerkliking en de massamedia hie der mooglik noait in gefoel fan ienheid binnen de Nederlânske grinzen bestien.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.