Hagelnije paden Himdykrintocht

augustus 4, 2018 09:53

Op sneon 1 septimber sil de Himdykrintocht wer wêze. De monumintale Himdyk, dy’t ea ‘minste dyk’ neamd waard, is opknapt en leit der ‘hagelnij’ by. De trajekten Blauhús-Dedzjum-Parregea, Nijesyl-Pikesyl en Westhim-Blauhús binne fernijd. By Syp-Set oan it Brekkenpaad binne it betonpaad en it dek fan de spoartunnel fernijd. Foarsitter Hartman Witteveen fan de rintochtorganisaasje: “De rûte leit der pico bello by. De reade loper is foar ús rinners útrôle.”

De dielnimmers kinne kieze uit trije ôfstannen: tsien kilometer oer Greonterp, Aldegea en Westhim, tweintich kilometer oer Dedzjum, Parregea, Nijhuzum, Aldegea en Westhim en tritich kilometer oer Aldegea, Nijesyl en Westhim. Start en finish binne yn Blauhús.
Foar hurdrinners organisearje de Blauhúster ‘Joksels’ de Himdykloop; dy giet oer 10 of 16 kilometer en begjint om 10.00 oere, ek yn Blauhús.

De Himdykrintocht en -loop binne ferneamd om har rûte oer moaie hege diken troch it natuerrike plattelân mei syn prachtige útsichten, en om de ôfwikseling mei kulturele aktiviteiten. Witteveen: “Ynspanning freget om ûntspanning. Wy soargje ûnderweis foar fariaasje yn it programma.” Der binne bygelyks hjir en dêr muzykoptredens, skiftroeiers op de Trekfeart, parade fan boaten op de Brek, autentike skippen by Syp-Set, keunst oan it Brekkenpaad en akrobatyk yn Westhim.

Ynskriuwe kin no al. Witteveen: “Wy binne der klear foar.”
Sjoch foar mear ynformaasje op http://www.hemdykrintocht.nl/  en https://hemdykrintocht.nl/hemdykloop.html

De foto’s binne fan Sicco Rypma
augustus 4, 2018 09:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.