Glennis Grace docht it goed yn kwartfinale America’s Got Talent

augustus 22, 2018 10:43

Glennis Grace hat it goed dien yn de kwartfinale fan America’s Got Talent. De sjongeres út Amsterdam song it nûmer ‘Never Enough’ en sawol it publyk as de sjuery wie entûsjast.

Glennis Grace (foto: Wikipedia/huhbakker/TBWA-Busted – lisinsje CC BY 2.0)

Neffens sjuerylid Simon Cowell stiet Glennis Grace der hielendal. “Do paktest it momint. Ik tocht datst net heger sjonge koest en doe giest dóchs noch heger. Klasse, geweldich, fantastysk!”

De oare sjueryleden wiene ek posityf. Howie Mandel spruts fan in “wow-momint”. Earder Spice Girl Mel B. hie allinnich krityk op it swart-wyt streke jaske dat Glennis Grace oanhie: “Ast trochgiest, draach dat jaske dan nea wer.” It Amerikaanske publyk makket út oft Grace yndied trochgiet nei de heale finale. Yn ’e nacht fan woansdei op tongersdei wurdt de útslach bekend makke.

augustus 22, 2018 10:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.