Gedicht: Underweis

augustus 4, 2018 10:00 Fernijd

Underweis

Foto: pixabay.com

Ik bin al hiel lang op reis,
want ik bin altyd ûnderweis
en kin my oan gjin stekje bine,
ik kin it nearne net fine.
Ik snap ek net hoe’t it kin
dat ik wêze wol wêr’t ik net bin.

As ik mei fakânsje gean,
dan wol ik nearne lang stean.
It is my ek net gau nei ’t sin,
’t is krekt as bin ik op ’e rin.
Ik snap ek net hoe’t it kin
dat ik wêze wol wêr’t ik net bin.

Ik woe wêze as in brodske hin,
ja, myn jachtsjen is in dikke min.
Ik haw ek al hiel wat froulju hân,
want ik flean troch it hiele lân.
Ik snap ek net hoe’t it kin
dat ik wêze wol wêr’t ik net bin.

As wy ris nei famylje gean,
mochten hja derop stean,
wol ik sa wol wer fuort rinne.
Dêrom gean ik der nea mear hinne.
Ik snap ek net hoe’t it kin
dat ik wêze wol wêr’t ik net bin.

De dokter sei tsjin my in kear:
Dizze sykte docht net sear.
“Wês dêrom dus mar bliid,
al is ’t wol lestich op syn tiid.”
Hy snapt ek net hoe’t it kin
dat ik wêze wol wêr’t ik net bin.

Mar as ik yn myn stamkroech sit
en my fol mei bier rinne lit,
ferjit ik alles en fyn ik alle rêst
en meastentiids bliuw ik dan oant lêst.
Ik snap ek net hoe’t it kin
dat ik dan wêze wol wêr’t ik bin.

Sjoerd F. Talsma

augustus 4, 2018 10:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. jangerben augustus 4, 16:35

    Fielt er him doch nochs earne thús.

  2. Priegel augustus 6, 18:11

    Moai gedicht Sjoerd F. Talsma

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.