Fyftich jier KEI-wike yn Grins

augustus 17, 2018 10:22

De âldste en grutste yntroduksjewike foar earstejiersstudinten, de KEI-wike yn Grins, bestiet fyftich jier. Dat wurdt freed fierd mei in grut lustrumfestival by de Kardingerplas. Mei goed fiiftûzen dielnimmers is de âldste yntroduksjewike fan Nederlân ek de grutste fan Europa.

De RUG yn Grins (foto: Wikimedia Commons/Fruggo – lisinsje CC BY 1.0)

De earste KEI-wike wie yn 1969. Foar it earst organisearre de universiteit sels in yntroduksjewike, in evenemint dat tagonlik wie foar elkenien. It wie net de earste kear dat der eveneminten organisearre waarden troch studinteferienings, mar dy wiene net foar alle studinten. Mei de KEI-wike hoegden earstejiers net mear lid te wurden fan in feriening om yntrodusearre te wurden ta it studintelibben.

It wie in perioade dêr’t it tal studinten geweldich yn tanaam, ûnder oare trochdat de tanommen wolfeart en demokratisearring. Der wiene ek hieltyd mear studinten dy’t de earste yn ’e famylje wiene dy’t trochlearden. De KEI-wike wie der om just harren it paad te wizen. Nei Grins folgen ek oare universiteitsstêden lykas Leien, Delft en Amsterdam. Yn dy stêden wiene yntroduksje-eveneminten dêrfoar ek tige fersnipere. Letter diene de hegeskoallen ek mei.

It programma fan de KEI-wike sjocht der no hiel oars út as fyftich jier lyn. Yn guon jierren wie de yntroduksje mar leafst 21 dagen lang. No duorret de KEI-wike mar fiif dagen. En it programma begûn eartiids earder op ’e moarn. It evenemint is ek grutskaliger wurden. It tal dielnimmers is sûnt 1969 fertrijedûbele. Alle jierren dogge der mear studinten út it bûtenlân mei; dit jier mear as sânhûndert. Dat is twahûndert mear as ferline jier.

augustus 17, 2018 10:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.