Frysk Museum oant en mei oktober op moandei iepen

augustus 15, 2018 16:25

Yn ferbân mei de oanhâldende belangstelling foar Escher op reis bliuwt it Frysk Museum oant en mei de ein fan de útstalling op moandei fan 13.00 oant 17.00 oere iepen. Mei de enoarme besikerstallen en it grutte tal entûsjaste reaksjes is de útstalling in tige grut sukses. It museum yn Ljouwert riedt oan om yntreekaarten foarôf online te bestellen. Dêrmei binne besikers wis fan tagong op de dei en tiid fan harren eigen foarkar.

Frysk Museum (foto: Ruben van Vliet)

Op 28 april waard de útstalling Escher op reis iepene. De eksposysje rekke al fan it begjin ôf wol gauris útferkocht en luts oant no ta al mear as 130.000 besikers. Fanwegen de oerweldigjende belangstelling besleat it museum al gau om de doarren in oere earder te iepenjen en yn de moannen july en augustus ek op moandeitemiddei. No wurde de iepeningstiden opnij ferromme. It museum is no ek op moandei 3, 10, 17 en 24 septimber en moandei 1, 15 en 22 oktober iepen fan 13.00 oant 17.00 oere. Op moandei 8 oktober bliuwt it Fries Museum ticht fanwegen in evenemint dat al fêstleit. Fan tiisdei oant en mei snein is it museum iepen fan 10.00 oant 17.00 oere. De útstalling Escher op reis is noch oant en mei 28 oktober te sjen.

Jûnsiepenstellingen
Op freed 17 en sneon 18 augustus bliuwt it museum oant 22.00 oere iepen yn ferbân mei de ferwachte drokte yn de stêd om De Reuzen fan Royal de Luxe. De reuzen út it strjitteaterspektakel strike dat wykein del yn Ljouwert. It museum is op beide dagen iepen fan 10.00 oant 22.00 oere. Kaarten binne sawol online as oan de kassa beskikber, salang’t de foarried it talit. Oanret wurdt om kaarten online te bestellen om wis te wêzen fan in besite op de tiid fan eigen foarkar.

Tiidslotten
Om besikers in optimale ûnderfining biede te kinnen brûkt it Fries Museum tiidslotten. Dy jilde foar de keazen oankomsttiid, net foar de duer fan de besite. Oanret wurdt om yntreekaarten te bestellen fia de webside fan it museum. Mei dy kaart hawwe besikers tagelyk tagong te de rest fan it museum, dêr’t ûnder mear Phantom Limb: Art beyond Escher te sjen is, en it Frysk Fersetsmuseum.

Escher op reis
Escher op reis makket de ûntwikkeling fan Maurits Cornelis Escher as byldzjend keunstner taastber. In wichtige rol is weilein foar de ynfloed fan de lokaasjes dêr’t er taholden hat. Oan ’e hân fan mear as tachtich orizjinele wurken, sa’n tweintich tekeningen, brieven, fotomateriaal en persoanlike dingen, folgje besikers de Eschers fuotleasten. It ynnovative útstallingsûntwerp fan XPEX Amsterdam fersterket it belibjen fan syn libben en wurk. Yn de populêre Escherstudio, neiboud nei foarbyld fan syn wurkplak yn Rome troch art-director Leo Zandvliet, kinne besikers in selfy meitsje mei de bol dêr’t de studio yn reflektearre wurdt; in knypeach nei it topstik Hand met spiegelende bol (1935). It museum biedt ek in audiotoer oan dêr’t de master sels yn oan it wurd komt, fertolke troch akteur Pierre Bokma en yn it Ingelsk troch regisseur Peter Greenaway.

augustus 15, 2018 16:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.