Frysk Museum 17 en 18 augustus jûns iepen

augustus 8, 2018 19:26

Freed 17 en sneon 18 augustus bliuwt it Frysk Museum oant 22.00 oere iepen. It museum beslút dêrta yn ferbân mei de drokte dy’t ferwachte wurdt om De Reuzen fan Royal de Luxe hinne, part fan Ljouwert-Fryslân 2018. Dat strjitteaterspektakel strykt dat wykein del yn Ljouwert.

By de jûnsiepenstelling op 17 en 18 augustus brûkt it museum ek tiidslotten. It museum is op beide dagen iepen fan 10.00 oant 22.00 oere. Kaarten binne sawol online as oan de kassa te krijen, salang’t de foarried it talit. Oanret wurdt om kaarten online te bestellen om wis te wêzen fan in besite op de foarkarstiid.

Berikberens
Mei it evenemint is de binnenstêd fan Ljouwert minder goed berikber. Fan 17 oant en mei 19 augustus is de binnenstêd sletten foar motorisearre en fytsferkear fan 7.00 oant 20.00 oere.

No te Sjen
Op de jûnsiepenstelling is it hiele museum tagonklik. De populêre útstallingen Escher op reis en Phantom Limb: Art beyond Escher binne dan ek te besjen. It Frysk Fersetsmuseum is ek iepen.

augustus 8, 2018 19:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.