Frâns Kuipers: is it Frysk giftich?

augustus 11, 2018 20:00

Kollum

It is politike komkommertiid. Dat is te merkbiten oan de papieren media; de kranten dus. Dy binne tinner en der stiet net folle polityk nijs yn. Polityk Nederlân is op ‘reses’ en leit earne op in strân of swalket troch streken en stêden yn binnen- of it fiere bûtenlân. Men sjocht of heart lanlike of provinsjale politisy ek by grutte (sport)manifestaasjes, dy’t oeral yn Nederlân holden wurde. Dus ek yn Fryslân! Sjoch de kranten der mar op nei. Prachtige foto’s mei hurdfytsers, túchhynders of grutte sylboaten, ensafierder. En net te ferjitten de swide en prachtige folksfestiviteiten fan Fryslân as Kulturele Haadstêd fan Europa.

Sa wiene der bygelyks goed 180 pommeranten by de 37ste profomgong fan ’t Surhústerfean. Ik seach minister fan Ynfrastruktuer en Wettersteat Cora van Nieuwenhuizen, dy’t tegearre mei kommissaris fan de Kening Arno Brok it startskot joech by de proffytsers. Dêr skarrelen ek in stikmannich boargemasters ‘snekkend’ en ‘netwurkjend’ om op it VIP-plein by de Feanster Toer. Sa litte yn hiel Nederlân promininte politisy harren graach sjen of hearre. Nammebekendheid is wichtich, sa liket it. Oft se mei harren oanwêzigens ekstra folk oanlûke of in bydrage leverje oan polityk bewustwêzen, is mar de fraach.

Foto Frâns Kuipers

Mar yn it krantenijs is ûnderwilens de diskusje oer nut en needsaak fan it Frysk foar it Hollânsk oer wer folop los. De oanset waard jûn troch earder GL-steatelid Willem Verf. Hy pakte – yn it Hollânsk – de Steaten oan op harren twaslachtige hâlding oangeande it net-lêzen fan Hollânsktalige beliedsstikken. Dat, wylst mear Fryske stikken it nije belied is yn it Provinsjehûs en dus ek yn de steateseal. Fryske teksten freegje mear lêstiid en behinderje dat de ynhâld goed begrepen wurdt. Dus kinne se dan as steatelid gjin goeie beslissingen nimme. Sit wat yn! Mei dêrom wurde der Hollânske oersettingen frege en it meitsjen dêrfan kostet ekstra amtlike tiid en dus ekstra jild.

Op it stik fan Willem Verf kaam in fûle reaksje fan Peter Zijlstra yn de Ljouwerter Krante. Zijlstra fynt it Frysk belangryk en dat it beholden wurde moat. Mar it Frysk moat net oplein wurde en sunich brûkt wurde by iepenlike petearen. Elkenien moat wat der sein wurdt ferstean kinne om te witten te kommen wat der beliedsmjittich spilet yn de polityk en dus yn Fryslân. In logyske redenearring? Bertus Jans Postma út Bitgummole weefde op syn beurt en syn wize – yn prachtich Frysk – mei Zijlstra ôf. Frysk is ús earste taal! Punt!

Oant no ta (8-8-18) steane der alle dagen nijsgjirrige stikjes yn de krante oer ‘hoe om te gean’ mei it Frysk. Stipers fan Peter Zijlstra litte witte dat it net fatsoenlik is om yn offisjele rûnten yn it Frysk troch te praten, wylst in protte taharkers (dan) net witte wêr’t it oer giet. Sawol Frysksinnige deputearre Poepjes as kommissaris Arno Brok wurde goed neisjoen.

It soe goed wêze as alle yn de fakânsjetiid ferskynde stikken en stikjes oer it Frysk yn in boekwurkje sammele en oerlange waarden oan de steateleden, deputearren en kommissaris. Dy kinne as beliedmakkers en ‑útfierders, út de deistige praktyk oer it omgean mei it Frysk wei merkbite dat it noch lang net yn oarder is. It Frysk leit noch altyd net goed by in soad minsken yn Fryslân, nettsjinsteande de nije beliedsôfspraken om it Frysk te befoarderjen en te brûken. Opfallend is dat nimmen it Frysk útbanne wol en dat is in grutte winst.

It tapassen fan de krekte doasis is hiel belangryk foar it behâld en befoarderjen fan it Frysk. It sûne kin feroarje yn gif. Ik lies yn in myte út it fiere ferline dat by sûn iten en drinken (lês libjen) de doasis beskiedend is foar wannear’t it sûne feroaret yn gif. In slokje, in pilske, in pear frituerde ierappelskyfkes, in stikje tsiis, in bitterbal, stikje woarst… binne lekker en soms noflik foar it ferheegjen fan in gesellige sfear. Mar te folle fan it goeie laat mar al te faak ta problemen. Soe dat sa ek wêze mei it Frysk?

augustus 11, 2018 20:00
Skriuw in reaksje

6 opmerkingen

  1. Nanne augustus 12, 11:37

    Foar de stipers fan Peter Zijlstra liket my dit in nijsgjirrich filmke:
    https://www.youtube.com/watch?v=8JbzELYVvMo
    Zijlstra seit it Frysk wichtich te finen, mar syn fierdere ferhaal komt der op del dat er net wol dat it brûkt wurdt. Hy is dus yn wurklikheid wer sa’n antyfries, lês
    https://www.itnijs.frl/2013/12/de-antyfriezen-binne-us/
    Wa’t it Frysk wichtich fynt moat it fansels brûke. Sjoch as antwurd op de fraach yn de titel hjirre:
    https://www.itnijs.frl/2018/01/haw-wille-mei-it-frysk-yn-it-jier-fan-de-kulturele-haadsted/

  2. Nanne augustus 12, 22:28

    “Opfallend is dat nimmen it Frysk útbanne wol en dat is in grutte winst”, skriuwt Kuipers. Dan sitearje ik oars al mar efkes R. Scheper út Emmeloord (LC 7 aug): “Ik ben het in mijn hele leven nog nooit zo eens geweest als met de Te Gast van Peter J. Zijlstra. (…) Ook de LC zou zich dit eens moeten aantrekken en die ergerlijke pagina met puzzels in het Fries toegankelijk maken voor elke abonnee.” Wylst der oeral Nederlânsktalige puzels te besetten binne, besiket dizze Scheper – út de Noardeastpolder wei – de Frysktaligen lykwols noch in lyts hoekje Fryske puzels yn de Ljouwerter Krante te ûntfytmanjen. Dat ek noch gewoan tagonklik is foar eltse abonnee want it Frysk falt te learen, faaks just goed mei help fan puzels.Teminsten foar wa’t dat puzelhoekje fine kin, want ik sjoch it net.

  3. De Jong augustus 13, 14:22

    Aangezien de heer Zijlstra c.s. moeite hebben met de Friese taal, beperk ik mij in mijn reactie op zijn stukje maar tot het Hollands. Mijnheer Zijlstra vergeet -of laat weg- dat de bevoegdheden van Provinciale Staten van Fryslân (Friesland) ten aanzien van het Fries, zijn gedelegeerd door de volksvertegenwoordiging binnen de Staat der Nederlanden. De uitvoering daarvan is per definitie nationalistisch, aangezien zij is gericht op de Friese natie (: volk, groep personen die oorsprong, taal en historie gemeen hebben), die geografisch en historisch toevallig voornamelijk in een “provincie” (wingewest) wonen. Anders dan ten aanzien van het “Nederlands” (dat taalkundig niet bestaat: de eerste rijkstaal is een Hollands dialect) is de status van het Fries wettelijk verankerd in de Wet gebruik Friese taal. Nog steeds heeft 54% van de inwoners van Fryslân het Fries als memmetaal (moedertaal) en verstaat (85%) en spreekt (64%) het; de meerderheid dus. Wat het paspoort betreft: dat wordt uitgegeven door de Staat der NederlandEN (meervoud: denk aan Zeeland, Gelderland, Limburg, West-Friesland, enz. en… Fryslân). De daarin gebruikte aanduiding nationaliteit heeft dus alleen betekenis in dat verband. Voor de genoemde identiteit (: het identiek zijn, de persoonlijkheid die men is. Identiek: geheel gelijk en in wezen samenvallend; van dezelfde vorm en inhoud) geldt m.m. hetzelfde als voor de bovenbedoelde term natie: deze is Frysk (Fries). De woorden trots (grutsk) en nederig (ferbrekke!) passen wel weer typisch bij een Fries, dus houdt moed hear Zijlstra (politicus? ondernemer?), u bent nog niet geheel vergiftigd door Hollân (Holland) en het Hollânsk (Hollands).

  4. Rob augustus 14, 13:44

    Beste dhr/mvr De Jong, de gemiddelde Hollander (en laat me dan wel benadrukken dat er geen Hollandse identiteit bestaat, wel een Gooise, Waterlandse, West-Friese, Rotterdamse,enz.) laat het volledig koud welke taalpolitiek er in Friesland gevoerd wordt. Er is geen liefde voor het Fries, maar ook geen afkeer. Ze zijn er net zoveel bij betrokken als Russen mbt het gebruik van Quechua in Peru. En als Nederlands volgens u niet bestaat kunt u de Friese taal ook wel afschaffen. Klei, Woud, Hylpers. Allemaal vormen binnen een algemeen geaccepteerde norm van een kunstmatig gecreëerde standaardtaal. Dat geldt voor vrijwel iedere taal.

  5. mink augustus 15, 14:03

    Elke ginneraasje begjint dizze diskusje op in nij. Nea is se útiten om’t der nea echte konklúzjes lutsen wurde. It hinne en wer roppen is in mantra wurden. Ït Frysk moat beholden bliuwe, fansels jawis, mar it mei gjin, alteast sa min mooglik, sinten kostje. En it mei net Ien oanwêzige behinderje om it petear of te tekst folslein folgjen te kinnen. “Kan iemand in de zaal geen Fries verstaan?” Ja, dêr sit der ien! Hopla, en fuort is it Frysk. Opfallend dat soks no nea fan it Ingelsk sein wurdt, dat ommers troch de measten fan ús net goed, mar heal of amper ferstean wurdt. Anyhow, de gebrûkmooglikheden fan it Frysk wurde aloan minder en minder. De kommunikative wearde navenant.
    Op dizze wiffe basis bliuwt in taal net in gebrûk, mar marginalisearret oant de dea derop folget. Oerdreaun? Nee hear, yn Europa allinnich al binne der rûnom foarbylden. Men wol se net sjen want se wurde gauris maskeard mei geveltsje opskriften lykas yn Ierlân (ik moat sizze Eire, mar dêr wurdt it Ingelsktalige Ierlân net oars fan, likegoed as Fryslân net oars wurdt fan it ferbieden fan ‘Friesland’).. Bertus syn iseren en formalistyske logika stjert yn syn eigen gelyk. Mar Zylstra syn nuanses en freonlikens struit jin sân yn’e eagen (earen). Aanst is de helte fan de bewenners fan Fryslân noch mar Frystalich en sitte yn hast elke sitewaasje wol ien of in pear net-fysktaligen foarkomme. Dan dus Hollânsk! Besparje jo de muoite om yn it Fryks te begjinnen. In tanimmend soad Friezen nimt dêr no al in foarskot op troch mei ûnbekinden altyd yn it Hollânsk te begjinnen. Ik haw gjin oplossing, mar Zylstra syn oplossing tsjûget fan in dûbelde moraal, dy’t hy och sa nobel ferpakt yn begryp en fetsoen.

    Mink

  6. Pyt augustus 17, 21:00

    It wichtichste is, dat wy op basis fan lykweardigens noflik meiinoar omgean kinne. En myn ûnderfining is, dat dat prima giet. Miskien 1% seit it Frysk net te ferstean, lykas guon dy’t hjir op fakânsje binne. By Omrop Fryslân merk ik sawat itselde.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.