Frankryk skaft fêste telefoan ôf

augustus 27, 2018 07:57

Foto: Wikipedia/Ziko (Creative Commons)

Yn Frankryk kin men noch twa moanne lang in nije fêste telefoanoansluting oanfreegje. Dêrnei wurde der gjin nije fêste abonnees mear talitten. Oer fiif jier begjint Orange, dat de fêste telefony fan de eardere PTT oernommen hat, mei it opheffen fan ‘e telefoansintrales.

In wichtige reden is dat de Frânske telefoansintrales slim ferâldere binne. As der ûnderdielen stikken gean, is it faak lestich om dy te ferfangen. Fêste telefony hat yn Frankryk 140 jier bestien.

Der binne op it stuit yn Frankryk njoggen miljoen fêste nûmers yn gebrûk. De oergrutte mearderheid fan ‘e Frânsen bellet inkeld mar mei de mobile telefoan. Foar wa’t gjin mobile telefoan hawwe wol en net fia ynternet belje, wol Orange spesjale ynternetmodems meitsje. Dy meitsje it mooglik om it ynternet te brûken om inkeld mar te beljen, dus sûnder kompjûter.

Yn Nederlân binne noch gjin plannen om fêste nûmers op te heffen, mar KPN wol it âlde analoge beljen takom jier ôfskaffe. ISDN sil dan ek foar in part ferdwine.

augustus 27, 2018 07:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.