Fotoferslach twadde skûtsjewedstriid op ’e Lemmer

augustus 16, 2018 22:47

De start fan in sânglêsrûte.

Wâldsein hat in falske start en moat werom.

Grou en Súdwesthoeke komme tagelyk by de boppeste tonne oan.

De Súdswesthoeke set as earste op de ûnderste tonne ta.

Kampioenskandidaten It Hearrenfean, Earnewâld en Akkrum (neffens de stân fan juster respektyflik earste, tredde en fjirde yn it algemien klassemint) reitsje yninoar fertize. In protest fan It Fean tsjin Earnewâld wurdt letter takend.

Earnewâld hat te folle skea – de opstekker is stikken – en moat derút. Akkrum giet der ek út, om’t ien fan de bemanning ferwûne rekke is troch de gyk fan It Fean; yn it sikehûs docht bliken dat it allegearre wat tafalt.

It Fean makket in grutte ombocht,

mar slút letter wer oan.

It slagget Huzum net om Starum yn te heljen.

Kampioenskandidaat Grou (neffens de stân fan juster twadde yn it algemien klassemint) leit ynearsten op in fjirde plak,

mar komt nei in krúsrek ferkeard út en moat Ljouwert, De Jouwer en Drachten foargean litte.

It Fean komt nei foaren en hjir binne de beide kampioenskandidaten wer byinoar.

Beide sile Drachten foarby. Grou wurdt seisde, It Fean sânde.

Mar Starum giet as earste oer de einstreek. Krekt as juster mar doe waard er noch holpen troch in geunstich plak by de sleepstart, dy’t tsjinne as kompensaasje foar de útfallen wedstriid by Earnewâld. En dat wylst skipper Auke de Groot sûnt 2011 nea wat wûn hie.

© Foto’s: ItNijs.frl

augustus 16, 2018 22:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.