Fotoferslach Skûtsjewedstriid Terherne

augustus 8, 2018 23:21

De start.

Der wurdt in sânglês syld. Dat betsjut dat der neist dizze boppeste tonne noch in tonne boppe de wyn leit en der twa kear lavearre wurde moat.

Nei it earste krúsrek leit It Hearrenfean foaroan; dy giet hjir as foarste om de twadde tonne.

Mar nei it twadde stik yn de wyn op hat Grou dy posysje oernaam.

En lit dy net wer los.

Undertusken efteryn.

Grou rint stadichoan fierder út op It Hearrenfean.

Mar It Hearrenfean rint ek hieltyd fierder út op syn hjitfolgers.

Dat komt om’t it drok is yn it middenfjild en de skûtsjes elkoar de wyn út de seilen nimme.

Sadwaande is der al in fûleindige striid om it tredde plak.

Dy’t wûn wurdt troch De Lemmer.

Nimmen wol de lêste wurde.

Grou wint fier foaroan ûnbedrige, op de einstreek stowe de parseboaten derop ôf.

It middenfjild kampt oan de ein ta troch; sjoch hjir foar de folsleine útslach.

© Foto’s: ItNijs.frl

augustus 8, 2018 23:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.