FNP: Ekstra kapasiteit Wynpark Fryslân brûke foar opromjen

augustus 10, 2018 10:26

Yn desimber 2014 hat PS besletten dat in maksimum fan 530,5 MW oan wynenerzjy op lân opsteld wurde soe. Foar de FNP wie dat in hurd punt. No’t bliken docht dat de kapasiteit fan Wynpark Fryslân gâns mear is as de beëage 316 MW wurdt it ôfprate maksimum foars te bûten gien. De FNP wol no fan it kolleezje witte oft it ree is im it maksimum oan wynenerzjy werom te bringen nei 530,5 MW.

Wurdfierder Klaas Fokkinga: “Foar ús wie dy 530,5 MW doedestiids in hurd punt en dat is yntusken net feroare. Yn it koalysjeakkoart wurdt dat maksimum ek dúdlik neamd.” De FNP freget oan it Kolleezje oft der noch wat dien wurde kin oan de tiphichte en MW fan de plende mûnen fan Nij Hiddum Hou no’t der safolle MW oer is yn de Iselmar.

Dêrneist freget Fokkinga oandacht foar de yn juny 2014 oannommen FNP-moasje dêr’t yn stiet dat oan in wynpark op de Iselmar de betingst ferbûn wurdt dat der in juridysk wetterticht opromplan foar de nije mûnen nei 20 jier leit, mar ek dat deselde betingsten steld wurde by projekten ‘op lân’ yn it ramt fan ‘Fryslân foar de Wyn’ wêrûnder partisipaasjemooglikheden en de proporsjonele bydrage dy’t dy opstelling leverje sil oan it opromjen fan besteande mûnen op lân.

Fokkinga: “It giet dan benammen om it opromjen fan âldere besteande mûnen. Dêr soe de “plus” fan Wynpark Fryslân prima foar brûkt wurde kinne. Wy freegje it Kolleezje dan ek oft it ree is om neist de 6 MW yn Nij Hiddum Hou ekstra te sanearjen ûnder besteande mûnen oerienkomstich de oannommen FNP-moasje Opromplan Iselmar fan 18 juny 2014”.

Lês de fragen fan de FNP.

augustus 10, 2018 10:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.