Feie Fonyk: Stef Blok syn wierheid hat in te skel lûd

augustus 29, 2018 22:11

Wiene wy krekt Halbe Zijlstra kwyt mei syn datsjakletspraatsje, krije wy Stef Blok mei syn Suriname as “failed state” en “neam my ien lân dêr’t minsken fan ferkillende etnyske komôf freedsum mei-inoar libje”. It wie yn in bydrage fan him op in gearkomst yn Den Haag op 10 july mei fertsjintwurdigers fan Nederlânske ynternasjonale organisaasjes. Blok hat in soad krityk krige en terjochte, want as minister kinne jo net sizze wat jo tinke en it wie boppedat te koart troch de bocht.

Dat wol net sizze dat Blok net foar in part gelyk hat. Earst mar ris oer Suriname. It grutste part fan de Surinamers wennet neffens my yn Nederlân en it lân wurdt laat troch in krimineel. It liket my dreech om fol te hâlden dat it in slagge naasje is. Boppedat wurde de skiedslinen yn it lân foar it grutste part bepaald troch it etnysk komôf fan de befolking.

Dan dêrom no dat ferskillend etnysk komôf en it freedsum mei-inoar libjen. Dêr moatte wy oer te riede gean by de biology fan sûchdieren. Net alle sûchdieren hawwe deselde gedrachsmjittige bânbreedte. As frjemde katten inoar tsjinkomme is der in grutte kâns dat se rûzje meitsje, benammen boarren kinne der wat fan. Foar hûnen jildt itselde.

It sûchdier minske hat yn ferliking mei de measte sûchdieren mear mooglikhden ta kontakt, omdat se taal hawwe en prate kinne. Dat jout tagelyk beheiningen en problemen. Mei taal kinne jo ferwize nei echte dingen dy’t oan te wizen binne, mar mei taal kinne jo ek saken betinke dy’t net taastber binne lykas kabouters of goaden of God, en dat jout problemen. Sa hawwe wy bygelyks yn it Midden-Easten Soeniten en Sjiïten. Freegje my net wat it ferskil is. It hat te krijen mei de opfolging fan Mohammed, en soks hawwe de moslims sels betocht. In part fan de lju hâldt derfan om oaren de harsens yn te slaan. Irak is dus in foarbyld fan Blok syn gelyk. Oer it eartiidske Joegoslavië sille wy it mar net hawwe. Nei de dea fan Tito wie dat lân ek in foarbyld – en no moat ik it wurd ”moai” fansels net brûke – fan Bloks gelyk.

Wat hawwe wy oan sok praat fan Blok. Jo moatte as minister rjochting jaan.

Wy wiene neat better, want wy hawwe deselde problemen hân yn de sechtjinde iuw, doe’t de protestanten de katoliken wol deasjen koene. Lykas no de Taliban en Isis dy’ t bylden kapot slane, waarden in soad Mariabylden en skilderijen yn de tiid fan de saneamde “beeldenstorm” fan 1566 oan barrels slein troch ús eigen Nederlânske Taliban.

Konklúzje: Blok hat gelyk, frjemd wurdt net maklik eigen. Mar Blok hat ek net gelyk, want it docht bliken dat minsken tagelyk goed by steat binne om sosjaal te wêzen, sels as it om minsken fan in oare kleur, in oare libbensoertsjûging of in oare taal giet. De measte minsken sille deselde ûnderfiningen hawwe: dat jo mei minsken, ik wit net wêr wei, mei in oare kleur, in oare taal of in oare libbensoertsjûging mear mienskiplik hawwe kinne as mei jo eigen buorman of buorfrou.

It is boppedat in opjefte foar eltsenien om te stribjen nei freonskip mei oaren. Dat is net maklik. Sjoch, dat hie Blok sizze moatten. Dat hie better west foar al dy minsken yn De Haach dy’t net sieten te wachtsjen op in minister dy’t der allinne mei ûngemaklike wierheden komt sûnder útsjoch te jaan hoe’t it oars is, oars kin en oars moat.

 

 

augustus 29, 2018 22:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.