Feie Fonyk: it regear moat stjoere

augustus 23, 2018 16:40

Kollum

As ik hear dat Promovendum allinne heechoplaten fersekerje wol, dan wurd ik al mislik en by dy Durft-u-het-aandatingsite – “allinne foar hegeroplaten” – begjin ik te koarjen. Fansels hawwe wy ferlet fan dokters en oare lju dy’t krekt wat mear leard hawwe, mar in grut part fan it wurk is ticht by de grûn en dêr hast dyn sûne ferstân en dyn hannen foar nedich. Ik haw dus myn twivels by it roppen en stribjen fan guon dat der hieltyd mear heechoplaten nedich binne, want wa wol dan noch it gewoane, just sinfolle en ûnmisbere wurk dwaan?

Ik bedoel mar: foar skjinmeitsjen, asperzjes stekken, tomaten plukken of sjauffeurjen op bus of frachtwein, dêr hoechst wier earst net foar nei NHL Stenden of nei de RUG. It falt te begripen dat âlden graach sjogge dat harren bern in hege oplieding krije. De kâns dat se dan net telâne komme yn ien fan de beroppen dy’t ik niis neamde is grut, want tomaten plukke, asperzjes stekke of op in frachtwein troch Europa ride kin maklik útbestege wurde oan Poalske wurknimmers, dy’t amper sosjale rjochten hawwe en gjin fêst wurk. Dan moatst mar ôfwachtsje oft dyn bern sels yn sa’n situaasje in fêste baan kriget.

Ien fan de skoallen dy’t it op it stuit goed docht op de wei foar bern nei de top is it Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp. Dat is in katolike skoalle foar fuortset ûnderwiis. Se hawwe it klearkrige om dy skoalle te begjinnen omreden dat er noch gjin katolyk ûnderwiis tichteby is. Dat is misbrûk meitsjen fan de wet, want ik sjoch nea in pastoar, preester of gewoane katolyk yn myn doarp.

Hawar, de wet stie it ta en sa is dy skoalle der kommen. In skoft ferlyn bin deryn rûn. “Ik sykje de direkteur”, sei ik tsjin de earste de bêste man dy’t ik yn it gebou tsjin kaam. Dat wie de konsjerzje. “Wy hawwe hjir gjin direkteur, de minsken dy’t hjir wurkje jouwe les”, sei er. Sa kin it. By it Tjalling Koopmans College hawwe se goed troch wêr’t it yn it ûnderwiis om giet. Dat is: jonge minsken, pubers yn dit gefal, eat leare wat se noch net witte of kinne.

Hjir dus gjin heechoplaten dy’t de lesjouwers foar de fuotten rinne en om har hinne hingje om út te lizzen wat se dwaan moatte. De skoalle rint goed, want se komme om yn de learlingen en se krije yn de takomst in nij gebou. Der sil grif op ôfstân lieding oan it gehiel jûn wurde.

Der is op it stuit 

ferlet fan minsken dy’t in fak leard hawwe.

De oerheid soe mear stjoere moatte.

Ynkoarten giet it wer los mei de skoallen. Oplieding docht derta. Yn it eardere Eastblok wie folsleine wurkgelegenheid. Dat duorre oant yn de tachtiger jierren. Doe stoarte dat kommunistyske systeem yn. Minsken hâlde derfan om sels te kiezen en net yn ’e tange fan in totalitêr systeem te libjen, wêrby’t alles fan boppen ôf oanstjoerd wurdt. Dochs is der yn ús lân ferlet fan mear stjoering op it mêd fan wurkgelegenheid. Sawol heech as leech. Der binne op it stuit te min fakminsken en der driget in ûnderwizerstekoart.

It is net maklik om te witten hoefolle minsken oft yn de takomst nedich binne yn in beropsgroep. Der is altyd wol wat fan te sizzen en it soe goed wêze om foar guon opliedingen, en by mear as no it gefal is, in numerus fixus yn te stellen op basis fan it ferlet dat ferwachte wurdt. In lytse ‘arbeidsreserve’ – ik kin sa gau gjin goed Frysk wurd betinke – bliuwt needsaaklik. Dêrneist soene der fasiliteiten wêze moatte foar minsken dy’t oplaat wurde wolle foar wurk dat no of op termyn ferlet fan haren hat. Ofsjoen fan wurk yn de digitale wrâld sil dat op it stuit gean yn de rjochting dy’t ik earder neamde, en ik werhelje mysels, “om wurk ticht by de grûn en dêr hast dyn sûne ferstân en dyn hannen foar nedich”. Om fakminsken dus.

Dan noch wat oars. Wy hawwe yn it ferline by ús It Nijs in pear kear gedonder hân oer it brûken fan foto’s. Sadwaande haw ik besletten om yn de takomst by myn wyklikse kollum in fêste foto te pleatsen, en ja, dy haw iksels makke.

 

augustus 23, 2018 16:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.