Feie Fonyk: Frankryk en de taal

augustus 9, 2018 16:25

Kollum

Wy komme al jierren yn Frankryk en dat is net sûnder reden. Frankryk hat in soad te bieden: bergen, see, rêstich plattelân, prachtige doarpen en stêden. Kinst yn Auvergne, mar net allinne dêr, oeren fytse en rinne sûnder minsken of doarpen tsjin te kommen. It lân is grut. Wat guon Nederlanners har net realisearje is dat it lân net allinne fan noard nei súd, mar ek fan de Jura yn it easten oant Bretagne yn it westen sa’n tûzen kilometer lang is. Dat betsjut in soad fariaasje yn lânskip. In grut part fan de Frânske befolking hat minder jild om hannen as de Nederlanners. It skynt dat dêrom ek in soad Frânsen yn eigen lân mei fakânsje geane. It is ommers goedkeaper, ast tenminsten net mei in priisfjochter nei Turkije of Spanje fleane wolst om dêr in pear wiken oan in strân te bakken.

Wat my ek foar Frankryk ynnimt, dat binne de minsken. Wy binne yn al dy jierren neat oars tsjinkommen as freonlikheid. It helpt om de taal te praten. Ommers de taalfeardigheid fan Frânsen hâldt net oer. Yn de toeristyske gebieten prate se ûndertusken Ingelsk. Dat wol sizze: it beheinde Ingelsk datst nedich hast om mei de toeristen te kommunisearjen.

De Frânsen binne grutsk op harren taal en se ynvestearje der in soad yn.

Yn it ferline hie de BBC yn Ingelân withoefolle taalprogramma’s, lyk as English by Radio. Dy koest yn Nederlân beharkje. Mar Ingelân moat besunigje en it Ingelske regear is fan betinken dat it net mear nedich is om safolle jild út te jaan oan taalpromoasje, want Ingelsk is al de wrâldtaal en wurdt oeral oanbean fan basis- oant en mei fuortset ûnderwiis.

Dat leit oars yn Frankryk. Oars as yn Ingelân besiket it Frânske regear mei de wrâldwide organisaasje Francophonie op alle mooglike manieren de taal te stypjen. De RFI, Radio France International en de telefyzjestjoerder TV5 biede withoefolle (taal)programma’s oan. Dy kinst sûnder útsûndering fergees beharkje, besjen op de kompjûter of downloade, ynhelje, op syn Frysk, as podcast yn streaming, mar ek mei de mooglikheid om op te slaan op in mp3-spiler of oar digitaal apparaat. Der wurdt benammen yn Afrikaanske lannen in soad brûk fan makke.

Omdat ik al in tal jierren yn it winterskoft Frânske les oan folwoksenen jou, besykje ik simmers in wike op stúdzje yn Frankryk te gean. Meastal yn Montpellier of Vichy. Vichy hat in grut taleynstitút CAVILAM,dat yn july en augustus programma’s foar leararen oanbiedt. It betsjut datst minsken trefst út lannen dêr’tst amper earder fan heard hiest lykas út eartiidske Sovjetrepubliken as Turkmenistan. Frankryk jout subsydzje foar minsken dy’t it sels net betelje kinne.

July of augustus paste it my dizze kear net en sa siet ik begjin juny in wike yn Vichy. Dizze kear mei in tal studinten út Súd-Korea, mar der wiene ek minsken út Zimbabwe en Palestina. In jonge moslim út Palestina die oan de Ramadan. No is begin juny net yn in geunstige perioade, want it is lang ljocht. Eins ûnbegryplik dat se yn Mekka net beslute dat de Ramadan de ferplichte fêstetiden wrâldwiid ôfstimt op de tiden fan dy stêd. Ast as Moslim oan de Noardkaap wennest, dêr’t yn de simmer de sinne net ûndergiet, soest fan honger en toarst omkomme en dat sil nea de bedoeling fan de profeet west hawwe. Dêr haw ik it mei dy studint net oer hân. Wol oer de ferhâlding mei Israel.

Ien fan de froulju út Zimbabwe fregen wy nei de situaasje yn har lân nei it ôftreden fan Mugabe. Neffens har rieden se noch altyd yn deselde bus, mar mei in oare sjauffeur. En wy koene it fansels net litte om de Súdkoreanen te freegjen nei harren reaksje op Trump en op de grutte foargonger yn it noarden. Se hiene goede hoop op oerbinen yn de takomst. Sa treft men nochris ien.

It aardige fan sa’n kursus yn Vichy is dat allinne mar yn it Frânsk kommunisearre wurde mei. Ingelsk is oerdei ferbean. Der is in opfallend ferskil yn taalfeardigens. It ûntbrekt de measte Sinezen en Koreanen net oan wurdskat, mar de útspraak fan de Frânske taal joech ien fan de studinten safolle problemen, dat men him eins net ferstean koe, wylst er neffens my alles goed begriep.

 

 

 

augustus 9, 2018 16:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.