Feie Fonyk: apart Frankryk

augustus 17, 2018 20:30

Wy hâlde fan Frankryk en komme der al jierren. Dat wol net sizze dat wy ús net besauwe oer de apartichheden fan dat lân sa’t der binne: de Franske hûn, it ynhâlden fan de asem yn it swimbad en de aparte banen foar de hurdswimmers, de rêchswimmers, de driuwers. Wy moatte it ek hawwe oer it ferplichte blaaspypke yn de auto en de pharmacie. De lêste kear skreau ik al oer dy oare aparticheid: dy ferskriklike Frânske taal.

Om te begjinnen tilt it dêr op fan de hûnen. Kinst mei goed fatsoen net in kuiertocht meitsje sûnder ferwolkomme te wurden troch ferskuorend geblaf. Wy sitte op it stuit op in camping by Ispagnac. Dat leit aardich fier yn it súden, sa’n hûndert kilometer himelsbreed noardeastlik fan Montpellier. Ast hjir de hichte yn giest om te kuierjen, komst yn de wyldernis krekt bûten it doarp fjouwer hûnekennels tsjin mei op syn minst fjouwer hûnen dy’t as gekken begjinne te blaffen en hinne en wer te fleanen. Grif fan lju dy wat byfertsjinje wolle mei harren hanneltsje. Se doarre de bisten blykber net yn it doarp sels te hâlden of miskien mei dat net, want de ynwenners fan Ispagnac sille gjin nocht hawwe oan it balten fan it bisteguod jûns let of moarns betiid. Yn it doarp sels komst in soad hûnen tsjin. Somtiden lytse ûnderkrûpsels dy’t op ‘e earm holden wurde, mar ik haw fan ’e moarn ek in fytser sjoen dy’t oan syn pakjedrager in spesjaal stankje hie mei in line, sadat syn hûn oan de rjochter en feilige kant meidrave kin. De skiteij wurdt  amper opromme. De  Frânsen moatte wat dat oangiet noch in soad leare.

De winner fan hat syn priis nea yn ûntfangst nimme kinnen.

De measte Nederlanners dy’t Parys oandogge hawwe gjin weet fan it grutte tal swimbaden datst yn de âlde stêd, binnen de âlde Boulevard Péréphirique, hast. It binne mear as tritich. It âldste bad is oan de eastkant fan de stêd. Dat bad, Rouvet, bestiet al sûnt 1930 of sa. As it net ticht is fanwege Mouvement Sociale (in staking, want dêr hâlde se fan yn dit lân, in apartichheid dy’t ik noch net neamde), dan kinst der moarns om sân oere al terjoche om baantsjes te lûken foar minder as in pear euro. Yn alle swimbaden wiidweidige ynformaasje oer wat allegearre wol en benammen net tastien is. Sa is it net tastien om ûnder wetter de azem te lang yn te hâlden. Dêr hawwe se in namme foar: apnée. Men soe tinke dat de measte minsken dat sûnder dat it op in buordsje stiet ek wol yn ’e gaten hawwe, mar sa net yn dit lân. Der sille grif jonge lju west hawwe dy’t der in wedstriid fan makken. Mar de winner hat syn priis nea yn ûntfangst nimme kinne en sadwaande is soks no ferbean. Dan hast op de kant buordsje stean foar de hurdswimmers, de stadigen, de rêchswimmers en gean sa mar troch. Frankryk hâldt fan organisaasje. Dat mei dudlik wêze.

Frankryk is in lân fan tsiis en wyn. Oant foar in tal jieren wie it de gewoante, ek fan wurkjend folk, om net allinne jûns of tusken de middei wyn of bier te drinken en dernei yn de auto te stappen. Mei drank efter it stjoer is ferbean. In jier of fiif ferlyn hat in Frânske regear sadwaande it beslút nommen dat eltsenien in blaaspypke yn de auto hawwe moat. Doe’t wy wer yn Frankryk kamen, haw ik fuort en daliks by in tankstasjon foar in tientsje sa’n ding oanskaft. Wy binne dêrnei ien kear oanholden, mar de plysje hold in blaaspypke fan himsels foar. It wie in oere as ien yn de middei. Blykber is der folk dat dan al bier of wyn hân hat. Wy net.

En ta beslút oer in oare Frânske bysûnderheid: de pharmacie

Lyk as yn hast alle Frânske doarpen hast ek hjir in pharmacie. Dy hast yn Ispagnac oan de râne fan it doarp. Dat hâldt it midden tusken in apteek en in drogist. Kinst der dus selshelpmiddels keapje of genêsmiddels op recept. De pharmacie is moarns iepen fan njoggenen oant tolven en middeis fan fjouweren oant jûns healwei achten. Ofgeande op it tal pharmacies yn de stêden en doarpen kinst trij konklúzjes lûke. Of it Frânske folk is siik, swak en mislik of se tinke dat se dat binne of se binne benaud it te wurden en rinne al út foarsoarch de doar by de pharmacie plat. Oars soe ik net betinke kinne dat al dy winkels bestean kinne, sels yn de lytste doarpen lykas dit.

 

augustus 17, 2018 20:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.