Europeesk Hof moat útspraak dwaan oer gatsjepanne op holle
Resint ferskynd

It fleanende spagettymûnster (foto: Wikipedia / Nadine Herding, Creative Commons)
It Europeesk Hof sil him bûge oer it rjocht om in foto yn it paspoart te krijen dêr’t de hâlder op stiet mei op ‘e holle in gatsjepanne. De Rie fan Steat hat ferline wike oardiele dat soks net mei.
De saak is foar de rjochter brocht troch Mienke de Wilde fan Nimwegen. Hja is oanhinger fan de tsjerke fan it fleanende spagettymûnster, in ynternasjonale organisaasje dy’t godstsjinsten op it harspit nimt.
Neffens de Rie fan Steat is de tsjerke fan it fleanende spagettymûnster troch syn satirysk karakter net in echte tsjerke en is it net út de hillige skriften op te meitsjen dat it in ferplichting is om mei in gatsjepanne op ‘e holle op ‘e foto te ferskinen. Yn oare lannen, bygelyks Tsjechië, is dat wilens wol tastien. Frou De Wilde sei lykwols dat yn har persoanlike opfetting fan it leauwe de gatsjepanne wol in ferplichting wie. De rjochters wiene dêr net fan oertsjûge.
Op in protte plakken yn Europa wurde foar leauwige ljuwe útsûnderings makke op wetten. Yn Nederlân mei men bygelyks net op ‘e foto foar in paspoart of rydbewiis mei in holbedek op, mar islamityske froulju meie dat wol. De tsjerke fan it spagettymûnster bringt soks ûnder de oandacht troch deselde rjochten op te easkjen.
Yn Nederlân is it de tsjerke fan it fleanende spagettymûnster yn 2016 nei lang hottefyljen slagge om him by de Keamer fan Keaphannel ynskriuwe te litten as religieuze organisaasje. It ministearje fan ynlânske saken hat gemeenten advisearre om foto’s mei gatsjepannen allegear te wegerjen. De gemeente Leien hat sokke foto’s lykwols al tastien.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje