Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (29)

augustus 18, 2018 09:15

De hûnen ûnder de tafel te Tyrus en Sidon

www.bijbelin1000seconden.be

Ik reizgje om yn ’e kontreien fan ’e heidenske stêden Tyrus en Sidon, dêr’t Joadske minderheden wenje. In frou mei in geastessiik famke heart dat ik kweageasten útdriuwe kin. Se komt daalks by my del. Se is net Joadsk en komt út Fenicië yn Syrië. Se knibbelet foar my del en smeket my om har famke better te meitsjen. Ik sis tsjin har:
“Earst moatte Gods bern te iten krije. It soe net goed wêze om it brea dat foar de bern bedoeld is oan ’e hûnen op te fuorjen.”
“Dat is wier, Hear”, seit se, “mar de hûnen ûnder de tafel ite dochs ek fan ’e breakrommels dy’t de bern falle litte?”
“Dat hast moai sein”, sis ik tsjin har. “Do bist net ien dy’t net leaut. Gean nei hûs, de kweageast is al út dyn famke wei.”
Doe’t de frou thúskaam, lei har famke op bêd en de kweageast wie fuort. In groep dy’t himsels better achtet as alle oaren neamt himsels it útkarde folk en de oaren ûnleauwige hûnen. Mar allinnich goede minsken binne wier útkard. En goed is wa’t yn God leaut en fan syn meiminsken hâldt as fan himsels.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
augustus 18, 2018 09:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.