Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (27)

augustus 4, 2018 08:00 Fernijd

It sie en it keninkryk fan God

Hoe kinne jim wat begripe fan it keninkryk fan God? Stel, in boer giet út om te siedzjen. In part fan it sie falt op ’e dyk en wurdt fertrape. In part falt yn it gers njonken de dyk en de fûgels pikke it op. In part falt op in stiennige boaiem en as it opkomt, ferdrûget it, want it kin net goed woartel sjitte. In part bedarret tusken de toarnstûken en dy fersmoare it. En in part falt yn goede ierde en as it opkommen is, draacht it frucht.

Vincent van Gogh, De siedder (1888)

Beharkje no myn útlis. Op ’e wei fan ’e wrâld wurdt it sie troch ferkearde lju fertrape en yn it gers wurdt it weinommen troch it roppen en razen fan ’e folksklibers en har foarsprekkers. Sa nimme kweamachten Gods wurd út elkenien wei.

Op stienachtige plakken binne sy dy’t it wurd mei blidens oannimme, mar it bliuwt oan it oerflak. En by it minste jouwe se it op en rinne wer efter wat oars oan, fan ’e iene nijichheid yn ’e oare.

Yn ’e toarnstrûken binne sy, dy’t fêst sitte yn wrâldske soargen en ferkearde prioriteiten, dy’t hechtsje oan hûs of lúkse of jild of oan geniet en ferslavingen.

Yn goede ierde woartelje sy dy’t goede minsken wêze wolle. Se hawwe it wurd heard en sette yn goed fertrouwen troch. Se fertrouwe opinoar en op God: dat is it leauwe dat ik siedzje. Sa ferkundigje ik wat ferburgen west hat.

Hoe kinne jim wat begripe fan it keninkryk fan God? Stel, ien hat goed sie siedde. Mar wylst de lju sliepe, komt de fijân en sieddet ûnkrûd tusken it nôt. As it nôt opwaakst en fruchtsjit, komt it ûnkrûd ek foar it ljocht. Dan sette de arbeiders op ’e boer ta en freegje:
“Boer, hawwe jo net goed sie op jo lân siedde? Hoe komme jo dochs oan dat ûnkrûd?”
En de boer seit:
“Dat hat in fijân dien.”
De arbeiders freegje:
“Moatte wy it ûnkrûd útlûke?”
“Nee”, seit de boer, “want as jim it ûnkrûd útlûke, kinne jim it nôt ek samar skea dwaan. Lit beide mei-inoar opwaakse oant ’e ûngetiid fan it nôt. Yn ’e ûngetiid sil ik tsjin de arbeiders sizze: doch al it ûnkrûd op in grutte bult en stek it yn ’e brân, mar bring it nôt by my yn ’e skuorre. Sa is it mei it keninkryk.

Hoe kinne jim wat begripe fan it keninkryk fan God? Stel, in minske sieddet sie yn it lân en sliept en komt fan ‘t bêd ôf, en it sie komt op en waakst, sûnder dat ien wit hoe’t dat kin. De grûn jout fansels: earst in raai, dan in ier, dan de nôtkerlen yn ’e ier. As de frucht ryp is, wurdt de seine harre. Dan is it ûngetiid en it nôt wurdt yn ’e skuorre brocht. Sa wurdt myn wurd siedde en draacht it frucht.

Hear no hoe’t ik it útlis. De Minskesoan sieddet it goede sie yn ’e lannen fan ’e wrâld. It goede sie, dat binne de bern fan it keninkryk.

Mar likegoed is it keninkryk fan God as mostertsie dat ien naam en op syn lân plante. It is de lytste soart fan sie, mar as it hielendal útkommen is, is it heger as alle oare planten yn ’e grientetún. It makket safolle stâlen oan, en sokke grutte, dat de fûgels dêr feilich har nêst bouwe kinne. Sa is it mei it keninkryk.

Of nim bygelyks soerdaai. In frou naam it en bemong it yn trije mjitten moal, oant it alhiel trochsuorre wie. Sa is it mei it keninkryk.

Of stel, der is in skat, ferburgen yn ’e grûn. As in minske dy skat fynt, is er sa bliid dat er alles ferkeapet wat er hat om it lân mei de skat te keapjen. Sa is it mei it keninkryk.

Of stel, in keapman siket moaie pearels. Dan fynt er de aldermoaiste pearel dy’t er him yntinke kin. Dan ferkeapet er alles wat er hat om dy iene pearel te keapjen. Sa is it mei it keninkryk.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
augustus 4, 2018 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*