Dútser (50) komt om by rêden fan soantsje út see by Teksel

augustus 12, 2018 09:07

Foto: pixabay.com

In fyftichjierrige man út Dútslân is sneontemiddei op Teksel omkaam by in besykjen om syn soantsje út see te rêden. It tsienjierrige bern hat it wol oerlibbe. Helptsjinsten hawwe noch omdôch besocht om de man te reanimearjen.

Wat der sneontemiddei om 16.00 oere krekt bard is op it strân by Peal 15, is noch net dúdlik. De Feilichheidsregio kin allinnich sizze dat it bern yn need wie en dat de man der efteroan gie. De mem fan it jonkje siet op it strân wylst it famyljedrama him foar har eagen ôfspile. Slachtofferhelp hat help bean oan mem en bern.

augustus 12, 2018 09:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.