Domme Friezen?

augustus 22, 2018 15:09

De Stiennen Man (foto Wikimedia Commons © Bouwe Brouwer)

Mei in protte wille haw ik yn de Leeuwarder Courant fan 7 augustus it stik lêzen dat in ein makket oan it fabeltsje dat de Spaanske steedhâlder Caspar de Robles de wize inisjatyfnimmer wie fan de dikebou yn Fryslân. Hy soe de tsierende Fryske lâneigeners twongen hawwe gear te wurkjen om diken oan te lizzen, want de Friezen fersûpten leaver as ta te jaan yn in ferskil fan miening oer de ferdieling fan de kosten.

Histoarikus Kees Draaisma hat no oantoand dat dêr neat fan doocht. Al lang foar Caspar de Robles hiene de Friezen oerienstimming berikt. It wie de steedhâlder ek net sa bot begûn om de Friezen tsjin de see te beskermjen as wol om de Spaanske oerhearsking te konsolidearjen.

It docht my tinken oan Anna Tilroe, de Amsterdamske liedster fan it 11Fountainsprojekt. Hja klaget ek oer de domme Friezen dy’t gjin gefoel foar kultuer hawwe soene. Mar doe kaam Anna Tilroe, dy’t de Friezen beskaving bybrocht, sadat se it ljocht seagen. It sukses fan LF2018 lit wol sjen dat Friezen echt gjin kultuerbarbaren binne en wis ek net dom! Ek in fabeltsje dus.

Jehannes Elzinga – Frjentsjer

augustus 22, 2018 15:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.