Diversity Festival ‘Terp of Tales’ yn Fryslân

augustus 1, 2018 11:19

It simmerske kultuerevenemint Diversity Festival fan Youth of European Nationalities wurdt dit jier yn Fryslân holden. Organisator is it Frysk Ynternasjonaal Kontakt (FYK) dy’t it festival hjir de namme Terp of Tales meijûn hat. Yn in wike tiid komme jongelju fan tal fan Europeeske minderheden hjir byinoar, lykas Slovenen út Italië, Sorben of Noard-Friezen út Dútslân en Roma út Masedoanië. Mei-inoar sille se fan 5-12 augustus yn Fryslân workshops folgje oer bygelyks koar, teäter, taal of digitale ferhalen. Dy workshops hawwe in reade tried: (folks)ferhalen dy’t de dielnimmers meinimme út har eigen minderheid.

Neist oare aktiviteiten en in ekskurzje troch Fryslân sille de dielnimmers twa kear optrede yn it Talepaviljoen MeM om safolle mooglik minsken yn kontakt te bringen mei de minderheidstalen en -kultueren fan Europa. Yn MeM sil ek it grutte einoptreden op sneon 11 augustus wêze, dêr’t de dielnimmers fan Terp of Tales sjen litte kinne wat se leard hawwe en wat se oan ferskaat en rykdom oan kultueren hawwe.

Elk is wolkom by de twa mominten by MeM om yn ’e kunde te kommen mei de dielnimmers en har talen en kultueren:

Tongersdei 9 augustus, 20:00 minderheidsmerk

Sneon 11 augustus,14:00 einmanifestaasje

De wike en de ûntwikkelingen fan it Diversity Festival, de dielnimmers en de optredens sille ek te folgjen wêze mei in bloch op It Nijs, en mei nijs en foto’s op de FYK en YEN facebooksiden.

augustus 1, 2018 11:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*