Diversity Festival – Dei 7

augustus 11, 2018 22:15

Tekst en foto’s: Geart Tigchelaar

It is koartsein net te leauwen hoe’t it mooglik is dat minsken in wike lang byinoar binne en dan sa’n einsjo yninoar draaie kinne. It is net iens in hiele wike, want moandei begûn it festival en doe gie de hiele moarn der mei de offisjele iepening mei hinne. Tongersdei hienen wy in ekskurzjedei.

Nei’t wy de dielnimmers by it Talepaviljoen MeM yn ’e Ljouwerter Prinsetún ôfsetten hienen, wie it saak om de boel sa yn te rjochtsjen dat hast fjirtich man en frou in suver spektakulêre sjo delsette koenen. It wie dúdlik dat dêr fan tefoarren al goed oer neitocht wie, want it koar, mikrofoans, op- en ôfplakken fan spilers stie samar klear. Dejingen dy’t net wat te dwaan hienen, waarden derop útstjoerd om te flyerjen om sadwaande minsken ynteressearre te krijen foar it barren. Bands as Goatwhore en Dying Fetus wienen lang net sa lûd as wol eange waard. De wyn wie ús wat dat oangie ek geunstich, want dy stie de oare kant út.

Ferline jier hienen wy it Diversity Festival yn Gdansk, Poalen. Doe die ik as dielnimmer mei oan ’e wurkwinkel Digital Storytelling. Ik haw doe in soad leard en de einsjo wie in aardichheid, mar ditkear wie it folle mear in gehiel, want der is ditkear tusken de wurkwinkellieders mear gearwurke. En dat wie te sjen, mei’t it sa soepel yninoar oergie. Wylst it koar de lêste wurden songen, stienen de dichters alwer op it poadium. Ferskillende ferhalen waarden nei in pear oare sênes wer oppikt, sadatst it idee hiest datst yn ien grut ferhaal sietst mei in ryk ferskaat oan spilers. Fierders is it hast net nei te fertellen, hiest der domwei by wêze moatten.

De lju hawwe mar werris sjen litten wat wy as minsken wol net berikke kinne as wy mar wolle. Allegear mei-inoar de skouders derûnder, en der kin yn in koart hoartsje tiid in almeugend soad ferrjochte wurde. Sa hawwe hja net allinnich in fantastysk einprodukt toand, mar ek it ryk ferskaat oan talen, tradysjes en gewoanten dat Europa ryk is. Sa sjochst mar wer dat ferskaat ferbynt.

augustus 11, 2018 22:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.