Diversity Festival – Dei 6

augustus 10, 2018 17:31

Tekst en foto’s: Geart Tigchelaar

Sa binne wy alwer oankommen ta de lêste dei foar ús grutte einsjo moarn. Wy as it Orgatiim hawwe it bannich mei it op ‘e puntsjes setten fan ’e lêste dingen. Der wurdt ús frege om mapkes foar papieren, guod út te printsjen ensfh. Wy moatte tsjekke mei it hostel oft it goed komt mei lunsjpakketten, de buskes dy’t wy moarn wer ophelje moatte en freegje ús ôf hoefolle lêst oft wy fan it metalfestival Into the Grave hawwe sille.

Allegearre soargen dy’t de dielnimmers net hoege te hawwen, want dy binne drok oan it rippetearjen foar moarn. Se hawwe dizze wike harren behoarlik yn it swit wurke om de ferskes, gedichten en dûnskes ôf te krijen. Nina Peckelsen – sa’t ik earder skreau – docht har stjonkende bêst om de regy yn hannen te hâlden en sa de kohesy en reade line te garandearjen. Fan wat ik fan ‘e middei stikem sjoen haw, komt dat wol goed.
Fan de eardere bleuens fan ‘’e dielnimmers en it ôftaasten fan inoar is neat mear te merkbiten. Se sjonge de klysters fan ’t dak en sûnder watfoar skrutelens ek mar swaaie en swiere hja oer it poadium hinne. No is it saak om de oergongen sa soepel mooglik ferrinne te litten. Want sadree’t hja fan ’e stoel ôf komme, binne se by wize fan sprekken al op it poadium. Dan moatte hja wisberet nei it ‘echte’ poadium rinne om dêr harren stik op te fieren. It docht dúdlik bliken dat de wurkwinkellieders witte wêr’t se it oer hawwe. Dy binne noch relatyf jong, mar goed yn it sâlt bebiten om de dielnimmers op deeglike wize it ien en oar by te bringen. Wat de einsjo moarntemiddei yn MeM ek wêze sil, hja geane werom nei hûs ta mei in moaie protte bagaazje derby.

Bist no lykas my ferhipte nijsgjirrich wurden nei it úteinlike einrisseltaat, kom dan moarntemiddei om 14:00 oere yn it Talepaviljoen MeM dat yn ’e Ljouwerter Prinsetún stiet. Dat wurdt sûnder mis in unyk multydissiplinêr en multylinguaal barren!

augustus 10, 2018 17:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*