Diversity Festival – Dei 5

augustus 10, 2018 09:50

Tekst en foto’s: Geart Tigchelaar

Ier en betiid moasten FYK-kollega Jesse Marinus en ik twa buskes ophelje út Burdaard wei. It oare buske soe ôflevere wurde foar it hostel, dus dat skeelde dat in sjauffeur ek sa betiid moast. Mei dy trije en noch in nustke auto’s koenen wy alle dielnimmers ferfiere op ús ekskurzjedei. Der wie al rein foarsein, dat wy wienen benijd hoe’t dat dy deis útpakke soe.

Mei moai waar rieden wy yn ’e rjochting fan Hegebeintum, dêr’t wy moai op ’e tiid oankamen. It Diversity Festival hat de namme Terp of Tales meikrigen, dat wy koenen ús dielnimmers net de besichtiging fan in terp ûnthâlde. Maaike Drost stie ús al op te wachtsjen om it ien en oar oer de skiednis fan in terp te fertellen en yn it bysûnder dy fan Hegebeintum. Fansels moasten wy ek de tsjerke yn dêr’t de dielnimmers noch it ien en oar te hearren krigen oer de ponkjes en de roubuorden. Moai koart, dúdlik en mei in grap sa no en dan hat frou Drost ús ‘berch’ sjen litten.

 

 

 

 

 

 

 

 

Op fersyk fan in grut tal dielnimmers binne wy doe nei de seedyk riden om by it timpeltsje fan Ids Willemsma der efkes út. Dêr koenen wysels wol it ien en oar oer fertelle, mar de dielnimmers wienen fral ûnder de yndruk hoe plat oft alles is yn Fryslân. Uolf Candrian, in Reto-Romaan, hie earder fan ‘e wike al tsjin my sein dat er it sa yndrukwekkend fûn hoefolle loft oft men hjir sjen kin. Yn it súd-easten fan Switserlân, dêr’t er wennet, wurdt de helte ynnommen troch bergen. Gau in groepsfoto en dan nei ús folgjend programmapunt; It Bilt.

“If you want to understand each other, there’s always a language to find.” – Froukje de Jong-Krap

Om krekt te wêzen op ‘e Ouwe-Dyk (Aldebiltdyk) op it lân fan Piet Hoekstra dêr’t hy en Froukje de Jong-Krap – as fertsjintwurdiger fan ‘t Biltsk – klearstienen. Se hienen bankjeboel en stuollen klearset, dêr’t de dielnimmers harren middeisiten behimmelje koenen. Wylst fertelde Froukje eat oer it ûntstean fan it Bilt en it Biltsk. Hja is bot dwaande mei it ierappelprojekt Potatoes go Wild yn it ramt fan LF2018, dat goed oansluet by it feit dat wy in kultureel festival organisearje en dat de wurkwinkel Taal boppedat wat mei poëzy docht. Aardich wie dêrom dat Froukje in gedicht fan my oerset hie nei it Biltsk dat yn de blomlêzing Poetic Potatoes stiet, dêr’t elke dielnimmer in eksimplaar fan krige. Hoekstra stie te popeljen om ‘e jongerein mei te nimmen by yn Fifty Shades of Green del. Sa kamen hja by alderhande gewaaks del dêr’t de boer fan alles oer fertelde.

 

 

 

 

 

 

 

Mei’t wy moai op skema sieten kwa programma, hienen wy it idee yn ‘e holle krigen om op de flagge-allee foar by it stasjon fan Ljouwert sjen te litten dat der noch folle mear ferskaat yn Europa is as allinnich mar de naasjesteaten. Dêrom hienen wy de dielnimmers frege om de flaggen fan harren minderheden mei te nimmen. Foar gefaar fan eigen libben hawwe se hurd oerstutsen op de drokke tongersdeitemiddei om in kykje te sjitten.

Neat is sa ûnbetrouber as it waar, mar ditkear kaam it wol út dat it begûn te reinen om in oere as trije, lykas foarsein wie. It kaam foar ús rûnlieding net sa hiele goed út, mar wy hienen it der wol foar oer mei’t de grûn en alles wat dêrmei yn ferbining stiet der o sa’n ferlet fan hie en noch hat. Yn ‘e rein krigen de jongelju alles te hearren oer de bysûndere plakken fan Ljouwert. Doe’t se wisten wêr’t alles sa likernôch siet yn Ljouwert, hienen se noch efkes de de tiid om om te skarreljen, mar de measten hienen de lech wol út en wienen bliid dat hja foar it jûnsiten oanskowe koenen oan in tafel by de Lachende koe.

As jûnsprogramma stie der in optreden fan Xera mei my as dichter op it programma. Mar der wie ek romte foar de dielnimmers om harren minderheid/regio sjen te litten oan ‘e hân fan typysk iten, flyers, boekjes en guon hienen sels har klaaiïnge meinommen. Yn it skoft koe it publyk by de taffeltsjes del om efkes te sjen. It hichtepunt wie fansels de dûns dy’t de jongelju ynstudearre hienen om mei Xera as begelieding te dûnsjen. It wie sadwaande in smûke jûn, wylst der út en troch noch in buike op it houten dak fan MeM foel.

 

 

 

 

 

 

 

Nei’t wy de jongerein wer feilich en wol yn Grou hienen en de buskes ynlevere wienen, wienen wy bliid dat wy ús nêst opsykje koenen.

augustus 10, 2018 09:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.