De Reuzen fan Royal de Luxe yn Ljouwert

augustus 12, 2018 09:15

foto: Royal de Luxe

Reuzen yn Ljouwert. De wrâldferneamde produksje fan Royal de Luxe belibbet syn Nederlânske premjêre yn de Kulturele Haadstêd fan Europa. Dat sil wêze fan freed 17 oant en mei snein 19 augustus. Dwers troch de Ljouwerter binnenstêd hinne soargje de gigantyske reuzen foar trije dagen fan in ûnferjitlike belibbing mei harren foarstelling ‘Grutte reed yn it iis’.

De Reuzen fan Royal de Luxe stelle har foar
Royal de Luxe is in bûtengewoan strjitteaterselskip. Wrâldferneamd, mar noch net earder yn Nederlân west. It selskip fljocht de wrâld oer mei syn ymposante reuzen. Se wiene ûnder mear al yn Barselona, Berlyn, Londen, Montreal, Perth en Nantes, de thúshaven fan Royal de Luxe. Metershege marionetten dy’t fier boppe de huzen útstekke. De reuzen kuierje net allinnich, mar se boartsje mei de omjouwing. Se sjogge jin oan. Se ite, dûnsje, nimme in brûs en sliepe. Bewenners wurde betsjoend troch de aktiviteiten fan dy wûnderbaarlike wêzens. Foar elke foarstelling sammelje har dan ek tûzenen minsken om de nijste ôflevering yn it libben fan it opsykjende skepsel te besjen. De besite fan de reuzen ûnthjit in foarstelling dy’t men wier sjoen hawwe moat.

It lytse reuzefamke
It lytse reuzefamke is sawat fiif meter heech en waacht 800 kilo. Tweintich minsken binne nedich om har yn beweging te krijen en se kuieret mei in gong fan 2,5 kilometer yn ‘e oere. Se is makke fan stiel, popeliere- en limoenehout. Har hobby’s binne turnen en snobjen en se hat wol gauris in griene of rôze jurk oan, ôfhinklik fan it waar. Se is ek wolris lânskommen yn in reinjas of in Meksikaansk ensemble. Se doarmet troch de stêd op syk nei har heit en lit ûnderweis graach bern in skommelritsje meitsje op har earms.

Xolo
Xolo is by in sjo yn Guadalajara (Meksiko) út in blok iis smolten. It is in Meksikaanse hûn, dy’t troch de Azteken beskôge wurdt as in hillich bist. Is is de freon fan it lytse reuzefamke en hy docht him foar as in echte hûn. Hy swaait syn sturt, kaardet himsels mei syn poatsje en stekt de tonge út! Hy waacht 350 kilo en is sawat trije meter heech. Der binne tweintich minsken nedich om him yn libben te krijen en hy beweecht tige linich. Hy hellet in faasje fan sawat seis kilometer yn ‘e oere.

De dûker
De dûker, in ymposante reus, waacht trije ton en is wol alve meter lang. Trichtich minsken moatte oan it wurk om him yn beweging komme te litten. Hy kuieret sa’s twa kilometer yn ‘e oere. Hy is makke fan popeliere- en limoenehout, lear en stiel. Hy hat in dûkersútris mei in helm. Allinnich syn ûnderearms en hannen binne net bedutsen. Syn hier is makke fan hynstehier en syn wynbrauwen fan biezemriis. Syn eagen wurkje op lytse motoaren en binne makke fan strjitlantearnen.

‘Grutte reed yn it iis’ – it ferhaal
Yn Ljouwert sille de reuzen de foarstelling ‘Grutte reed yn it iis’ presintearje. Oer de striid fan miljoenen jierren lyn, it wetter tsjin it lân. De woeste weagen waarden tsjinholden troch de spesjaal ophege diken, mar dy brieken aloan wer. Oant der in dykgraaf beneamd waard, dy’t ferantwurdlik waard foar de bou fan goede diken. Dy hierde fuortendaliks dykwachten yn, dy’t as matroazen op de terpen de boel yn ‘e gaten holden. Doe krigeit de dykgraaf de ynjouwing om it hynder fan Troje ûnder de seespegel te bedobjen. Mei help fan de goaden waard in reuzedûker fûn dy’t himsels altyd ferstoppe hie. Ynienen kaam er oerein en tilde er de bergen op dy’t er as modder by de diken op smiet foar ekstra beskerming.

En doe…
Wylst der in fûle sniestoarm tekear gie, dûkte der ynienen yn Ljouwert in skeve toer op. Net ien wist wêr’t dy weikaam. De lokale befolking sette de toer op de haadterp, en sa waard er it symboal fan de stêd. Doe’t Ljouwert as Kulturele Haadstêd fan Europa keazen waard, kaam it berjocht nei bûten dat de âldste redens út de minsklike skiednis (20.000 jier âld) ûntdutsen wiene op in boarplatfoarm by de Noardpoal. Der waard fuortendaliks in grut iisblok fan trije by seis meter seage om de redens yn te bewarjen. Wat bysûnder! De reus dy’t dy reed oanpast hat, moat wol metersheech west hawwe!

Mar wacht!
It ferhaal giet fierder, want wy soene dat allegear nea gewaar wurden wêze as de reuzedûker net iuwen lyn in famke krige hie. Op in nacht, yn augustus 2018, kaam dy reuzedochter op it Sintraal Stasjon yn Ljouwert oan, fêst beret om har heit te finen. Soe har dat slagje?

De rûte

Ferskillende rûten
Elke dei rinne de reuzen in oare rûte. Freed en sneon rinne se apart faninoar. Op snein ferfetsje se de tocht mei-inoar. De rûten binne te finen op www.2018.nl en fia de LF2018-app. Yn it wykein wurde ek spesjale plattegrûnen útdield, foar alle dagen in oarenien. Se binne te finen moarns op ferskillende plakken yn de stêd, ûnder mear yn it publykssintrum fan Ljouwert-Fryslân 2018 (Stedsoaze foar it stasjon oer) en op de mobile VVV-lokaasjes dat wykein. It VVV-kantoar is dy trije dagen ticht, mar mobile VVV-lokaasjes binne te finen by de EHBO-posten yn de stêd (sjoch plattegrûnen). It publykssintrum fan Ljouwert-Fryslân fangt de besikers fan it VVV-kantoar op.

It programma
Op freed en sneon rinne de dûker en it lytse reuzefamke beide twa ferskillende rûten. De xolo rint it meast mei it lytse reuzefamke mei. Under it kuierjen komme de reuzen bysûndere situaasjes tsjin dêr’t se op reagearje moatte. Moarns kuierje se elk nei in eigen lokaasje yn de stêd dêr’t se in knipperke dogge. Oankommen op dy lokaasje meitsje se har ree foar in knipperke, tige fermaaklik om te sjen. Dêr bliuwe se dan in pear oerkes. Nei it wekkerwurden ferfolgje se harren kuier. Dan geane se nei in oernachtingsplak. It harren deljaan om te sliepen giet ek neffens in fêst ritueel. De sneontemoarns komme alle reuzen op itselde sliepplak oan. Sneintemoarn lûke se mei-inoar op yn in parade troch de stêd. It publyk swaait harren mei-inoar út.

Berikberens

Mei de auto
Publyk dat mei de auto nei Ljouwert komt, wurdt it maklik makke. Parkearje kin op ien fan de P+R- parkearterreinen om Ljouwert hinne. Ferfiersbedriuw Arriva bringt de gasten mei spesjale pindelbussen nei de stêd ta. Dy geane alle fiif minuten fan en nei it sintrum fan Ljouwert. Bûten de stêd steane elektroanyske buorden dy’t de autoriders nei in frij P+R-terrein liede. Dy buorden jouwe de aktuele stân oan dêr’t parkearplakken frij binne. Om teloarstellingen foar te kommen wurdt oanret om net op navigaasje nei ien fan de parkearterreinen te riden, mar dy buorden te folgjen. It sintrum fan Ljouwert is op de dagen dat de reuzen der binne tusken 07.00 en 20.00 oere ôfsletten foar motorisearre ferkear. De parkeargaraazjes yn it sintrum binne dy dagen ek net iepen.

Ofsluting auto’s
binnenstêd
Ofsluting fytsers
binnenstêd
Ofsluting alle ferkear
stasjonsgebiet
Freed07.00 – 20.00 oere08.00 – 19.00 oere08.00 – 23.00 oere
Sneon07.00 – 20.00 oere08.00 – 19.00 oere08.00 – 23.00 oere
Snein12.00 – 20.00 oere12.00 – 19.00 oere12.00 – 23.00 oere

Tink derom: bûten dy tiden jildt op in soad plakken yn de binnenstêd ek wol in parkearferbod! Dat is hieltyd mei buorden oanjûn.

Mear ynformaasje oer de ôfslutingen
In part fan de eastlike binnenstêd wurdt op sneon en snein earder frijjûn foar auto’s en fytsen. Sjoch om dat sekuer te witten te kommen op www.leeuwarden.nl/reuzen. Dêr is ek in list te finen mei foar alle dagen apart oanjûn hokker strjitten ôfset wurde.

P+R-terreinen
Spesjaal foar it evenemint binne der trije P+R-terreinen ynrjochte:

  • P+R Hemrik (eastlik fan Ljouwert)
  • P+R Zuidlanden (súdlik fan Ljouwert)
  • P+R Zwette V (westlik fan Ljouwert)

Dêr kin de auto parkearre wurde en dêrwei ride de spesjale pindelbussen fan Arriva nei it sintrum fan de stêd.

Iepeningstiden
De P+R-parkearterreinen hawwe de neikommende iepeningstiden:

  • Freed: 07.00 – 22.00 oere
  • Sneon: 07.00 – 23.00 oere
  • Snein: 10.00 – 21.00 oere

De pindelbussen fan Arriva ride alle dagen om de fiif minuten tusken de P+Rterreinen en it sintrum fan Ljouwert tusken de neikommende tiden:

  • Freed: 07.00 – 21.30 oere
  • Sneon: 07.00 – 22.30 oere
  • Snein: 10.00 – 20.30 oere

Kosten + bantjes
Op de parkearterreinen kin in P&R-deikaart kocht wurde foar € 12,50. Foar dat bedrach stiet de auto parkearre en kin mei maksimaal 9 persoanen hinne en wer pindele wurde nei de binnenstêd fan Ljouwert. By de kassa’s op de terreinen krije de minsken in earmbantsje mei in kleur dy’t oerienkomt mei it P+R-terrein dêr’t se parkearje en kinne se maklik de wei fine. De pindelbussen binne oan dy kleur werrom te kennen. It bantsje is tagelyk it tagongsbewiis foar de pindelbussen. De P+R-deikaarten binne allinnich te krijen by de kassa’s by de P+R-terreinen. Der kin sawol kontant as mei PIN betelle wurde. De pindelbussen binne, op de dei fan parkearjen, allinnich tagonklik mei bantsjes dy’t by de P+R-deikaart hearre. De OV-chipkaart, Multidagkaart (E-ticket), Fryslâncard of oare (lanlike) produkten of abonneminten binne net jildich op de pindelbussen.

Mei it iepenbier ferfier
Besikers dy’t mei it iepenbier ferfier komme wolle, wurdt oanret om har goed ta te rieden. Op 17, 18 en 19 augustus ride de bussen fan Arriva yn Fryslân nammentlik in spesjale oanpaste reuzetsjinstregeling. Guon buslijnen ride oars of folle faker om elkenien op tiid yn Ljouwert te krijen om nei de reuzen te sjen. Dêrneist sette sawol Arriva as de NS ekstra lange treinen yn om minsken nei it sintraal stasjon te ferfieren. Plan foar it iepenbier ferfier de reis mei ûndersteande reisplanner.

Bus- en treinplanner fan Arriva: https://www.arriva.nl/consumenten/reisinformatie-1/reisplanner.htm

Reuzenbusplanner – oanpaste tsjinstregeling fan Arriva tidens Royal de Luxe: https://www.friesland.nl/uploads/media/5b61b78e7a2f7/aangepaste-dienstregeling-arriva.pdf

Gjin OV-chipkaart? Arriva biedt spesjale kaarten oan foar 1, 2 en 4-dagen: https://www.arriva.nl/friesland-en-waddeneilanden/acties-nieuws/leeuwarden-fryslan-2018/tickets-en-vervoerbewijzen.htm?

Op ’e fyts
Fytsendewei nei de reuzen ta wurdt stipe. Allinnich, de reuzen binne wol hiel grut en hawwe in soad romte nedich. Dêrom is de binnenstêd fan Ljouwert tusken 08.00 en 19.00 oere ek ôfsletten foar alle fytsferkear (op snein fan 12.00 oant 19.00 oere). Om alle brêgen hinne dy’t de binnenstêd ynliede, binne fytsestallingen ynrjochte dêr’t besikers de fyts parkearje kinne. Fan dêrút rinne besikers it sintrum yn nei ien fan de rûten. Wylst de ôfslutingstiden jilde kin men wol mei de fyts de binnenstêd ferlitte, mar der net mear yn komme. Sjoch foaral ek efkes op de webside fan de Gemeente Leeuwarden foar ekstra ynformaasje/binnenstêd ôfsletten foar al it ferkear by De Reuzen

Geandefoets
Te foet kinne is oeral yn Ljouwert te kommen. Allinnich as it slim drok wurdt yn guon strjitten, kin men omlaat wurde fanwegen de feiligens fan alle besikers. Besikers wurdt oanret om rekken te hâlden mei de (grutte) drokte op in soad plakken yn it sintrum. De rûten geane troch in soad wiken yn Ljouwert. Der is dus altyd wol in gaadlik en rêstiger plak te finen.

Tagonklikens foar oarsfaliden

Ljouwert-Fryslân 2018 is foar elkenien en de organisaasje set him aktyf yn om de aktiviteiten tagonklik te meitsjen foar elkenien. Foar in evenemint as De Reuzen binne der lykwols beheiningen dy’t net wei te nimmen binne. De binnenstêd ôfsletten foar ferkear en it sil mei 400.000 besikers dreech wêze om frij te bewegen. Oanret wurdt dêrom om altyd mei in begelieder te kommen en gjin helphûnen mei te nimmen omdat it yn de minskekliber te drok foar hûnen is.

Wat regele is
Om de besite fan oarsfaliden mooglik te meitsjen is in tal saken fasilitearre. Om dêr gebrûk fan te meitsjen is oanmelden needsaaklik. Groepen oarsfaliden kinne har ek oanmelde.

  • Foar minsken mei in Europeeske Handikepteparkearkaart is der in spesjale (betelle) parkearplak.
  • Foar rolstoelbrûkers en minsken dy’t min út ‘e fuotten kinne is der op in tal plakken in spesjaal ôfset gebiet (sjoch it oersicht fan ôfsette gebieten en tiden).
  • Foar bline minsken en minsjenden is in Nederlânske audiobeskriuwing yn de ôfsette gebieden beskikber.
  • Rolstoelhúskes binne yn de buert fan ôfsette gebieten beskikber.

Wat mist
Der koe spiternôch net in rêstige rûte troch de stêd regele wurde.

  • Der is ek gjin tút&derútplak by de ôfsette gebieten.
  • Om’t De Reuzen in fisueel spektakel is, is mei HOOR Fryslân besletten om gjin spesjale foarsjenningen foar dôven en minhearrenden oan te lizzen. Foar harren is it evenemint gewoan tagonklik.

Oanmelde
Oanmelde foar de beane fasiliteiten foar oarsfaliden kin net mear. De wurkgroep tagonklikens hat witte litten dat alle beskikbere plakken al fersein binne. Oarsfaliden binne en bliuwe fansels tige wolkom. De besite oan De Reuzen kin lykwols net mear fan in spesjaal ôfset gebied ôf folge wurde.

Praktyske ynformaasje foar besikers – Spriede fan 400.000 besikers
Yn it wykein fan De Reuzen ferwachtsje wy sa’n 400.000 besikers, ferspraat oer trije dagen. Wa’t út ‘e buert komt wurdt frege om dan foaral op freed te kommen. Sneon en snein wurdt de measte drokte ferwachte. Wa’t mei lytse bern komt of net sa fan de drokte hâldt wurdt oanret om oan de rûte stean te gean bûten de binnenstêd. De reuzen kuierje nammentlik net allinnich troch it sintrum, mar ek troch in part fan de wiken dêromhinne. Dêr sil grif wol in rêstiger plak te finen wêze.

Fragen?
As immen in probleem hat of immen kwyt is binne de befeiligers, plysjelju en de meiwurkers fan de organisaasje oan te sprekken. Dy helpe graach. Skilje by medyske needgefallen altyd 112. Foar alle oare fragen kin men terjochte op telefoan 14058 (gemeente Ljouwert) of fia sosjal media mei #LF2018.

Wettertaappunten
Yn it wykein fan De Reuzen binne der ekstra wettertaappunten yn de stêd. Dy steane oanjûn op de plattegrûnen. Dêr kin men fergees in fleske folje mei drinkwetter. Wol sa handich mei waarm waar.

Húskes
De húskes steane ek oanjûn op de plattegrûnen, mar der binne ek winkels en hoarekagelegenheden dêr’t men fergees terjochte kin. Dy hawwe by de yngong de stikker Iepen Húske hingjen.

VVV en Publykssintrum Ljouwert-Fryslân 2018
It VVV-kantoar is ticht, mar meiwurkers fan de VVV binne te finen op ferskillende EHBO-punten yn de stêd. Dêr kin men terjochte foar ynformaasje. Minsken dy’t spesifyk by it VVV-kantoar wêze wolle, wurde trochstjoerd nei it publykssintrum fan Ljouwert-Fryslân 2018 yn de Stedsoaze (foar it stasjon oer). Dat publykssintrum is dy dagen sels oant 22.00 oere iepen.

Wat is der noch mear te dwaan?
Trije dagen lang stiet de stêd yn it teken fan De Reuzen fan Royal de Luxe. Mar dy dagen is der noch mear te rêden yn Ljouwert:

Ekstra keapjûnen
Neist de reguliere keapjûn op tongersdei, binne de measte winkels yn de binnenstêd yn it wykein fan De Reuzen ek freed- en sneontejûn iepen.

It Reuzekafee – Stedsskouboarch de Harmonie, Ljouwert – 17, 18 en 19 augustus oant 18.00 oere
Wa is der yn it wykein fan De Reuzen fan Royal de Luxe nei de foyer fan De Harmonie ferhuze? Alles is dêr sa’n trije kear sa grut; bêden, flip flops, bekers en bestek… De Dwergreuzen hawwe dêr harren yntrek nommen. Kom en sjoch. Yntree is € 2,50 mei ynbegryp fan in weardebon fan € 1,50 om om wat lekkers te keapjen yn it kafee.

Escher op Reis, mei ekstra jûnsiepening – Frysk Museum, Ljouwert – oant en mei 28 oktober
Folgje de wrâldfeerneamde keunstner M.C. Escher op reis en ûntdek de ynfloed dêrfan op syn wurk yn in grutskalige keunstútstalling. Yn it wykein fan De Reuzen is dy útstalling op freed en sneon sels oant 22.00 oere iepen. Wês teloarstelling foar en reservearje foarôf online.

Obe – Oldehoofstertsjerkhof, Ljouwert – oant en mei 31 desimber
Kom deryn by it Lân fan Taal. Yn besikerssintrum Obe wurdt men wolkom hjitten as nije ‘ynwenner’ en kin men fuortendaliks (boartlik) oan it wurk mei taal. Fergees tagonklik. Freed 17 augustus iepen fan 17.30 oant en mei 21.00 oere. Sneon 18 augustus ticht. Snein 19 augustus iepen fan 10.00 oant en mei 18.00 oere.

De Aldehou – Aldehoustertsjerkhôf, Ljouwert – 17 en 18 augustus jûns iepen
De Aldehou stiet der al sûnt 1529 en is sels skever as de Toer fan Pisa! Men kin him ek fan binnen bewûnderje. De ynboude lift bringt jin nei de earste ferdjipping. Dêrwei moat men de slingertrep nei it dak betwinge. Set ‘em op! Ienris boppe hat men in prachtich útsicht oer de stêd. De Aldehou is wol regulier ticht fan 17 oant en mei 19 augustus, mar der jildt op freed 17 en sneon 18 augustus in jûnsiepenstelling fan 19.00-22.00 oere (nei boppen oant 21.30 oere).

Made in Holland – Keramykmuseum Princessehof, Ljouwert – oant en mei 30 juny 2019
Nederlânske keramyk is al iuwen wrâldferneamd. Utstalling Made in Holland ûndersiket de ûntwikkeling en fersprieding fan keramyske stilen en produkten.

Grote Grutto Theater – Natuermuseum Fryslân, Ljouwert – oant en mei 2 septimber
Gean mei yn de wrâld fan ús nasjonale fûgel, de skries. Krûp yn syn hûd en besjoch de wrâld troch syn eagen. It is gjin gewoane eksposysje, mar in teatrale ynstallaasje dy’t aardich is foar bern.

Places of hope – De Kanselarij, Ljouwert – oant en mei 25 novimber
Hoe sjocht de wrâld fan moarn derút? Yn Places of Hope litte de pioniers fan hjoed harren fyzje op de takomst sjen. Fergees tagonklik.

11Fountains – Hiel Fryslân – trochrinnend
Foar it stasjon yn Ljouwert oer stiet LOVE fan Jaume Plensa. It is ien fan de 11Fountains en bestiet út twa 7 meter hege, wite hollen fan in jonge en in famke. Besjoch ek de oare fonteinen yn de rest fan de provinsje. Fergees tagonklik.

Publykssintrum en pop-up biergarten – Stedsoaze | Publykssintrum Ljouwert-Fryslân 2018
Gean om mear te witten te kommen oer de stêd en it programma fan de Kulturele Haadstêd oan by it publykssintrum foar it stasjon oer. Dat is dit wykein jûns ek iepen. Dêr is ek de gesellige pop-up biergarten.

Abe Bonnema Experience – Sophialaan 4, Ljouwert – Sneon 18 augustus
Boppe yn de 114 meter hege Achmeatoer sjocht men de Kulturele Haadstêd oan ‘e fuotten lizzen. Dêr is ek de útstalling oer it wurk fan Abe Bonnema, de Fryske arsjitekt dy’t safolle betsjut hat foar it oansjen fan Ljouwert. Kaarten online bestelle fia www.abe2018.nl

A Guide to Leeuwarden – Free Tour – Freed en sneon, sammelje op it Aldehoustertsjerkhôf by de yngong fan Obe
Mei in lokale stedsgids fynt men de ferhoalen plakjes fan de stêd, ûntdekt men de aardichste winkels en fertelt de gids oer Mata Hari en ús keningshûs. Op sneon begjint de rûnlieding om 12.00 oere. Freed is der de Fryske Ferhale Tour, dy’t om 15.00 oere begjint. Der wurdt wat ferteld oer de Fryske Taal, Oranjekoeke, de Alvestêdetocht en de prachtige steateseal wordt oandien. Oanmelde fia www.aguidetoleeuwarden.nl

Sjoch foar it folsleine programma dat wykein op www.2018.nl/agenda

augustus 12, 2018 09:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.