‘De Horizon van Friesland’: Fryske amateurkeunstners litte harren wurk tidens LF2018 sjen!

augustus 30, 2018 19:21

Waaddyk

Troch LF2018 is in prachtige kâns ûntstien om in poadium te bieden oan groepen Fryske amateurkeunstners dy’t mei passy oan harren skilderskeunst wurkje.

Troch útstallingen yn Ljouwert en op in soad oare lokaasjes yn de provinsje wurdt in grut publyk berikt. Inisjatyfnimmers binne in fjouwertal keunstskilders út de Vosseparkwyk yn Ljouwert.

Dielnimmers út Fryslân wurde útnûge om de grutste Hoarizon-eksposysje fan amateurkeunstners mooglik te meitsjen.

Ljouwert: útstalling Atelier ‘de Futur’
Fan 10 septimber oant en mei 10 desimber is harren wurk te sjen yn de Auckamakelder yn it stedhûs fan Ljouwert (Hofplein 38).

 

Nije Biltdijk

Fryslân: keunst dwers troch de provinsje
Fryske amateurkeunstners kinne yn elk doarp of stêd harren wurk útstalle yn in pleatslike eksposysje. Mei-inoar foarmje se ien grutte eksposysje ferbûn troch it tema ‘De Horizon van Friesland’. De hoarizon op deselde hichte is de ferbining tusken alle wurken. Foar de eksposysje wurde sawol keunstskilders as 3D-keunstners útnûge. De 3D-keunstners krije as ekstra tafoeging it tema ‘Aarde’ foar harren wurk.

De ferskate eksposysjelokaasjes binne te finen op  http://horizonch18.blogspot.nl/

Foar ynfo en oanmelding:
www.facebook.com/horizonch18/
http://horizonch18.blogspot.nl/

of fia: http://www.stipe.frl/projecten/de-horizon-van-friesland 
www.facebook.com/Keunstwurk yn gearwurking mei Keunstakademy Fryslân.

augustus 30, 2018 19:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.