Ferrassende útslach op de 165ste PC yn Frjentsjer

augustus 2, 2018 14:29

It partoer Peter van Zuiden, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden hat it woansdeitejûn 1 augustus yn de finale fan de 165ste PC wûn fan it favorite partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. Dat wie alhiel tsjin de algemiene ferwachting yn.
Allard Hoekstra waard kening. Dat wie syn earste kear en it wie sûnt 1991 dat de kening út Frjenster kaam.

De einútslach
1. Peter van Zuiden, Allard Hoekstra (kening) en Thomas van Zuiden
2. Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra
3. Bauke Triemstra, Dylan Drent en Hendrik Kootstra
3. Enno Kingma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar

Sjûkelân Frjentsjer (foto fy.wikipedia.org/Das Nili)

Sjoch foar in folslein ferslach fan de dei:   https://www.knkb.nl/pageid=13375/articleid=16762/Trio_Peter_van_Zuiden_wint_verrassend_de_PC.html

 

 

augustus 2, 2018 14:29
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jehannes Elzinga augustus 7, 16:36

    De foto lit wol it Sjûkelân yn Frjentsjer sjen, mar net de PC. By de PC is it fjild omjûn mei tribunes foar de tûzenen keatsleafhawwers, sadat it stedssintrum net mear sichtber is.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*