Bûter yn ’e Brij Festival Brantgum – 2018

augustus 4, 2018 12:49

Foto © Omrop Fryslân

It is dit jier njoggentich jier lyn dat Tony Feitsma yn Brantgum berne waard. Om dat te betinken wurdt dêr op snein 2 septimber it Bûter yn ’e Brij Festival 2018 holden. It tema fan dat festival is Mienskip: doarp en identiteit, dat oanslút by it wurk fan it Feitsmafûns én by it Iepen Mienskip-tema fan LF2018.

Programma
– Friduwih Riemersma presintearret in Feitsma-kollum oer Frysk taalbelied
– Tetsje van der Kooi sjongt út ’e ‘Mattheus Passion’ en ‘Ombra Mai Fu’, yn de Fryske oersetting fan Eppie Dam
– In priuwke út ‘Alice in Wonderland’ troch de bern fan in berne-iepenloftspul
– Liuwe Westra oer plannen foar in Feitsmabiografy
– Underwiispriis en inkelde Feitsmafûns projekten

It festival begjint yn de tsjerke fan Brantgum. Nei de ynrin mei kofje fan 13.00 oere ôf, set it programma om 13.30 útein. Dat duorret oant 16.15 oere. Yn ’e rin fan de middei ferfart it publyk nei doarspshûs De Terpring. Dêr is gelegenheid om mei in slokje en in hapke nei te praten.

Wa’t fan doel is om nei it festival ta, wurdt frege en stjoer in berjochtsje nei info@feitsmafuns.nl mei opjefte fan hoefolle persoanen.

Tony Feitsma (Brantgum 1928-Ljouwert 2009) wie in taalgelearde dy’t op alderhande mêd in ûnwittend soad foar Fryslân en de Fryske taal betsjut hat (sjoch http://www.tresoar.frl/agenda/pages/alles-geordend.aspx). De namme Bûter yn ’e Brijfestival referearret oan har reaksje “Dat is in stik bûter yn ’e brij”, doe’t se fan dûmny te hearren krige dat se yn har berteplak te hôf brocht wurde koe.

augustus 4, 2018 12:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.