Bûtenlânske toeristen jouwe flink mear út yn Nederlân

augustus 29, 2018 09:19

Nederlân hat yn 2017 flink mear fertsjinne oan toerisme. Foaral bûtenlânske toeristen joegen folle mear jild út: 29,9 miljard euro, dat is 12,6 persint mear as yn 2016. Dat berjochtet it CBS.

Foto: pixabay.com

Nederlanners joegen noch altyd wol mear út oan fakânsjes en útstapkes yn eigen lân, nammentlik 43 miljard. Dat is in groei fan 3,6 persint, in folle lytsere groei dus as fan de útjeften fan bûtenlânske toeristen.

Yn totaal bedroegen de toeristyske bestegings yn Nederlân 82,1 miljard, in stiging fan 6,9 persint. Dêrby wurde ek meirekkene de útjeften fan toeristen dy’t net nei Nederlân kamen, mar dêr’t in Nederlânsk bedriuw wol oan fertsjinne, lykas in Spanjert dy’t in hotel yn Dútslân boekt fia in Nederlânske boekingswebside.

Mei de útjeften stige ek it tal banen yn de toeristyske sektor: mei 3,8 persint nei 761.000. Dy groei is flink heger as de algemiene banegroei yn Nederlân, want dy wie 2,1 persint. Fan alle banen yn Nederlân is no 7,5 persint yn de toeristyske sektor te finen. Yn it toerisme giet it wol faak om dieltiidbanen. Omrekkene nei foltiidbanen binne it der 455.000.

augustus 29, 2018 09:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.