Bulgaarske lieten sjonge

augustus 3, 2018 13:02

Foto Stg. Schylgeralân

Fan 31 augustus oant 2 septimber 2018 kinne sjongleafhawwers it hert ophelje oan de Bulgaarske sjongkultuer. Op de folkshegeskoalle Schylgeralân is dan in wykeinkursus dy’t dêr alhiel oan wijd wurdt.

Bulgarije hat in rike mearstimmige sjongkultuer mei in lange tradysje. Yn it Westen binne benammen moderne arranzjeminten bekend fan Bulgaarske folkloristyske lieten, songen troch wrâldferneamde ensembles lykas it Filip Kutevkoar en it frouljuskoar fan de Bulgaarske steatstelefyzje. Op it plattelân binne lykwols noch altyd tradisjonele wurk-, feest- en seizoenslieten te hearren.

Bulgaarske folksmuzyk stiet bekend om syn asymmetryske ritmen – de kombinaasjes fan koarte (2) en lange (3) metryske ienheden, dy’t mei de dûnspassen oerienkomme.

De Bulgaarske styl fan sjongen is ryk oan fersieringen en it brûken fan dissonante harmonyen. Oft it no lyryske of fleurige lieten binne, se daagje jin út om te sjongen.

Op de kursus komme de hjoeddeiske koararranzjeminten likegoed as de tradisjonele lieten oan ’e oarder. By de lêste binne ek lieten foar inkeld manljus- of frouljusstimmen. Prachtige meldijen en harmonyen ferheegje it nocht oan sjongen en de rike arranzjeminten binne in moaie tafoeging oan elk koarrepertoire.

De dielnimmers krije foarôf de blêdmuzyk en midi-bestannen fan de partitueren.

Sjoch foar de folsleine ynformaasje folkshegeskoalle.nl

augustus 3, 2018 13:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.