Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 16

augustus 1, 2018 07:00 Fernijd

Fryslân fossylfrij? Alve stappen foarút

Kollum

Trije jier lyn betocht troch Fryske studinten en no: de Alvewegetocht sit der al wer op. It wiene twa fantastyske wiken! Kulturele haadstêd 2018 makket in soad los, net te leauwen. Wat hawwe der in protte Friezen oan meidien. Wy rûze dat mear as hûnderttûzen Friezen aktyf meidiene. Skoallen, bedriuwen, doarpen, alle gemeenten, it iepenbier ferfier en net te ferjitten de Friezen dy’t it altyd al dogge!

Alle fytsferhierders sieten twa wike sûnder fytsen, files by de tankstasjons foar grien gas en blauwe disel en sels tankstasjons dy’t geregeld útferkocht wiene. Twa wike lang alle jûnen de Alvewegetocht op telefyzje by NPO2 en op ús eigen Omrop. In bûtengewoan soad positive publisiteit. Ljouwerter Krante en Frysk Deiblêd, inkeld mar ús kompliminten! Alle provinsjes hawwe op besite west, Fryslân sil nea wer hielendal itselde wurde. Want ja…, dy Alvestêdetocht… dy wolle wy dochs werom?

Twa wike fytse, lifte, op it hynder of sels swimmend nei de bestimming, neat wie te mâl. Twa wike meidwaan betsjut foar in protte in ûntdekkingstocht: mear fytse, dochs mar ris mei de bus. Twahûndert basisskoallen diene mei, allegear juffen, masters en bern hawwe de âlden oansitten om gjin fossile brânstoffen te brûken.

Mar no komt it: wat bliuwt der oer? Wa geane dermei troch? Dat stokje pakke de Freonen fan FossylFrij Fryslân oan. Uteinlik is no wol dúdlik dat elkenien sels wat dwaan kin, oft no giet om ferfier, it hûs of it iten. Elektryske boaren? Dy binne by ’t soad te krijen. Thúswurkje? Gearkomsten hâlde troch te skypen? It kin allegear, as it mar bekend wurdt en makliker makke wurdt. Dêr leit de opdracht. Dy pakke de Freonen fan FossylFrij Fryslân graach oan.

Ik wol elkenien betankje foar it meidwaan! Wa wit komt der in ferfolch. Grif wol. De studinten komme grif mei in nij idee dêr’t wy dan mei teset geane. Of út al dy enerzjykoöperaasjes yn de doarpen wei. Safolle aktive minsken mei wurkkrêft… Wy sjogge it yn ’e mjitte!

Fryslân wurdt nea wer sa’t it wie. Dogge jimme dan wer mei? De Friezen kinne it, it binne dwaners. De parse en de polityk, se nimme it op en dan giet it mei sprongen op nei in Skjinner Fryslân. Sa binne de Friezen no ien kear. Kinne wy ek neat oan dwaan!

Bouwe de Boer is enerzjykoördinator by de gemeente Ljouwert.
augustus 1, 2018 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.