Boufergunningen Fryslân goedkeaper as it lanlik gemiddelde

augustus 24, 2018 15:03

Der binne tusken gemeenten gâns wat ferskillen yn wat in fergunning foar it ferbouwen fan in hûs kostet. Dat blykt út ûndersyk fan Afvalcontainershop.nl, dat ûnder alle 380 gemeenten fan Nederlân ûndersyk die nei de kosten fan in fergunning foar twa gongbere soarten fan ferbouwing, yn kombinaasje mei in fergunning foar it delsetten fan in boukontener. De fergunningen yn Fryslân binne goedkeaper as de lanlike trochsneed.

Priis fergunning yn Veenendaal 13 kear sa djoer as yn Valkenswaard
In fergunning foar in dakopbou mei ferhege nok, mei in oerflak fan 15 m2 en begrutte boukosten fan € 27.500,00 kostet yn Nederlân trochinoar € 789,00. Wa’t yn Valkenswaard (Noard-Brabân) wennet, is finansjeel geunstiger út: dêr kostet sa’n ferbouwing € 175,00. Yn Veenendaal (Gelderlân) binne de bewenners it djoerste út: in fergunning foar krekt deselde ferbouwing koster dêr € 2.281,80.

De priisferskillen fan fergunningen grut foar it oare bestudearre ferbouwingstype binne ek grut. Foar in útbou fan 8 m2 oan de sydkant fan it hûs, is yn de gemeente It Amelân mei in bedrach fan € 123,50 it goedkeapst. Yn it Súd-Hollânske Voorschoten kostet in fergunning foar deselde put € 938,30.

Fryslân prosint djoerder as Seelân
Yn Seelân binne ynwenners trochinoar it minste kwyt oan boufergunningen. Fryslân is ien fan de goedkeapere provinsjes: mar 17,8 persint heger as yn Seelân, wat delkomt op in trochsneed priis fan € 543,27. Drinte, Flevolân en Grinslân binne ek relatyf goedkeaper as it om de omjouwingsfergunningen giet dy’t by in ferbouwing nedich binne.

Kosten fergunningen falle bûten hypotheek
Omdat it maksimale lienbedrach by in hypoteek mei yngong fan 1 jannewaris 2018 ferlege is nei 100 persint fan de wearde fan de wenning, kinne de kosten fan in ferbouwing net mear (foar in part) yn de hypoteek opnommen wurde; dus de fergunningen foar dy ferbouwing ek net. Dat betsjut dat gemeenten mei de priis fan fergunningen ynfloed útoefenje kinne op de tagonklikens fan de wenningmerk foar (nije) wenningbesitters dy’t nei de keap fan plan binne te ferbouwen.

Op de ynteraktive lânkaart https://www.afvalcontainershop.nl/meest-verbouwvriendelijke-gemeenten binne de kosten foar alle gemeenten werom te finen.

augustus 24, 2018 15:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.