Boekeprogramma Moby Dick fan 9 augustus by BNNVARA op NPO1
Resint ferskynd
- Measte Friezen gean yn krookjefakânsje leafst nei Eastenryk 0
- Frijheidswyk-East yn Ljouwert hat heechste skiedingspersintaazje fan Fryslân 0
- Shortlist Grote Poëzieprijs 2019 telt trije poëzijdebuten 0
- Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (54) 0
- Gearwurking VVN en Semko tsjin appen op ’e fyts 0
In programma oer de skjintme, krêft en macht fan boeken
Op tongersdei 9 augustus set it nije boekeprogramma fan Matthijs van Nieuwkerk, Moby Dick, útein. Yn it programma wurde twa gasten ynterviewd oer de boeken dy’t der yn har libben ta diene en ta dogge. Boeken dy’t harren de eagen iepene hawwe, harren oantrunen of oanpoenen. Dat kinne jeugdboeken wêze, romans, poëzijbondels of stripboeken.
Moby Dick, oer de skjintme, krêft en macht fan boeken, is fan 9 augustus ôf fjouwer tongersdeitejûns te sjen om 22.25 oere by BNNVARA op NPO1.
De gasten dy’t de kommende fjouwer wike by Matthijs van Nieuwkerk te sjen binne yn Moby Dick, binne:
Tongersdei 9 augustus
Presintatrise Dieuwertje Blok & Nobelpriiswinner foar skiekunde Ben Feringa
Tongersdei 16 augustus
Kabaretier Diederik van Vleuten & suster Holkje van der Veer
Tongersdei 23 augustus
Komponist, muzikant Henny Vrienten & skriuwster Jolande Withuis
Tongersdei 30 augustus
Presintatrise Simone Weimans & autosjoernalist, musikolooch Bas van Putten
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje