Bereiningsferbod opheft

augustus 14, 2018 08:33

Wetterskip Fryslân hat mei yngong fan justerneimiddei it bereiningsferbod yn syn behearsgebiet opheft. Oars as ferwachte waard, is de delslach fan de ôfrûne dagen, stadichoan fallen en goed yn ’e grûn opnaam. Wetterskip Fryslân koe dêrtroch it grutste part fan it reinwetter, yn trochsneed 45 milimeter, yn ’e polders ‘fêst’hâlde. De berûne loft en legere temperatueren soargen boppedat foar minder ferdamping. Trochdat de fraach fan de agraryske sektor nei wetter ek ôfnimt, is it wettersysteem wer yn balâns.

Foto: Wikipedia/Riggwelter – lisinsje CC BY-SA 3.0

Legere wetterstannen oanlieding foar ferbod
De ôfrûne perioade wie der sprake fan oanhâldende drûchte, wêrtroch’t 26 july in bereiningsferbod ynsteld waard. Troch de drûchte wie de fraach nei wetter foar bereining sa grut dat Wetterskip Fryslân yn ’e polders en op de hege grûnen de peilen net hanthavenje koe. In ferbod wie nedich om it systeem wer op oarder te krijen. Mei de effekten dy’t it ferbod hie, koene freed 3 augustus de tiden wer ferromme wurde. Mei it each op de waarsoarsizzings fan no, heft Wetterskip Fryslân it ferbod no op.

Problemen foarearst oplost
Mei de waarkoade oranje fan ôfrûne tongersdei, wiene flinke buien foarsein. Mei flinke buien slacht de grûn ticht en wurdt wetter min opnaam. Sleatten en fearten soargje dan foar fluggere ôffier fan it wetter. Stadige reinfal docht yn drûge tiden folle mear fertuten. It wetter kin de grûn ynkringe. Dêrtroch nimt de fraach nei wetter foar bereining ôf. Yn ferbân mei de drûchte hat Wetterskip Fryslân op krityske punten ekstra hekkele. Dêrtroch kin it wetter better yn ’e polders komme. Mei de ôfnimmende fraach nei wetter troch de agraryske sektor, binne de problemen mei de wetterstannen foarearst útiten.

Situaasje Iselmar
Ofrûne wykein is der in protte delslach boppe de Iselmar fallen. Dy rein en it feit dat wetterskippen no beheind wetter ynlitte út de Iselmar wei, soargje derfoar dat de wetterstân yn de Iselmar omheech gien is. De oanfier út de Ryn en de Isel wei is noch lytser as de fraach. De rein fan ôfrûne wykein foarmet lykwols in (tydlike) buffer. Wetterskip Fryslân ferwachtet dêrom dat der foarearst gjin beheinings oplein wurde foar it ynlitten fan wetter út de Iselmar.

Wetterkwaliteit
Troch de legere temperatueren en de buien dy’t stadichoan falle giet de wettertemperatuer omleech. Dat hat mooglik in posityf effekt op de wetterkwaliteit. Wetterskip Fryslân mjit alle wiken de wetterkwaliteit fan offisjele swimlokaasjes yn Fryslân en hat op guon plakken blau-alch konstatearre. Swimlokaasjes dêr’t noch gjin blau-alch is, wurde alle twa wiken kontrolearre. De webside www.zwemwater.nl jout in oersjoch fan feilige swimlokaasjes. Fan ’e wike is der in ekstra mjitomgong fan it wetter yn ferbân mei de Alvestêdeswimtocht fan Maarten van der Weijden.

De provinsje Fryslân is ferantwurdlik foar it swimwetter yn Fryslân. De hege temperatueren meitsje de kâns op swimmersjokte en botulisme grutter. Botulisme is in besmetlike foarm fan fiedselfergiftiging, dy’t feroarsake wurdt troch in baktearje, en is benammen gefaarlik foar fisken en wetterfûgels. Meldings fan deade einen of in fertocht soad deade fisken kinne trochjûn wurde oan it Miljeu-alaarmnûmer Fryslân: 058 – 2122422.

augustus 14, 2018 08:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.