Belgyske plysje deasketten, Nederlanner wurdt fertocht

augustus 26, 2018 13:45

Foto: morguefile.com

Yn it Waalske Spa is fannacht in plysje deasketten. De 38-jierrige Amaury Delrez wie mei in kollega oproppen, om’t der yn ‘e binnenstêd slaanderij yn in kroech wie. Doe’t de plysjes oankamen, waard der út in auto wei op harren sketten. Delrez waard rekke en ferstoar letter fannacht yn it sikehûs.

De plysje is mei hûnen en helikopters in klopjacht begûn. In Nederlanner dy’t as Ivo D. oantsjut wurdt, is sneintemiddei fêstnommen. De man wurdt derfan fertocht de skutter te wêzen. Hy soe ferwûne wêze troch in plysjekûgel.

Yn Spa wurde hjoed autoracewedstriden hâlden. Dy lûke altiten in protte Nederlânske toeristen. Neffens ferskate media waard in groep Nederlânske manlju dwers, doe’t hja in kroech net yn mochten. De Belgyske premier Charles Michel hat it deasjitten fan ‘e plysje “een aanval op onze democratische samenleving” neamd.

augustus 26, 2018 13:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.