Armeenske bern Howick en Lili moatte uterlik 8 septimber it lân út

augustus 28, 2018 08:29

De Armeenske bern Howick (13) en Lili (12) moatte Nederlân op syn lêst 8 septimber ferlitte. Dat hat de Dienst Terugkeer en Vertrek harren witte litten, seine se yn de praatsjo Laat op één op NPO 1.

Jerevan, haadstêd fan Armenië (foto: Wikipedia/Serouj Ourishian – lisinsje CC BY.SA 3.0)

Freed besleat de Steatsrie dat de twa útset wurde meie nei harren bertelân, omdat se dêr gjin gefaar rinne en net yn minskûntearjende omstannichheden terjochte komme. Harren mem is in jier lyn al nei Armenië weromgien.

Howick en Lili fertelden yn de praatsjo dat se de útspraak net leauwe koene. “Wy binne tige drôvich”, seit Howick. “It wie bêst skokkend foar ús en tige dreech om it nijs te hearren.” Lili begrypt it noch hieltyd net. “It is eins net te leauwen. Wy hearre hjir yn Nederlân.” De twa sizze dat se eangst hawwe foar it stuit dat se it lân ferlitte moatte. “Wy binne deabenaud. Ik fyn it ûnminsklik en wreed dat de steatssekretaris soks beslisse kin”, seit Howick.

Neffens harren advokaat Flip Schüller is 8 septimber noch in foarriedige datum, want de Armeenske oerheid moat noch tastimming foar de útsetting jaan. Der bestiet in mooglikheid dat de twa jongelju trochprosedearje sille en nei it Europeesk Hof stappe.
Dy klacht soe dan benammen gean oer hoe’t de Steatsrie mei de saak omgien is. “It ûndersyk dat de Ried foar de Bernebeskerming dien hat wurdt bygelyks sûnder argumint fan tafel fage”, seit Schüller. De kommende dagen nimme hy en Howick en Lili dêr in beslút oer.

augustus 28, 2018 08:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.