Amsterdam wol leararetekoart oanpakke mei amtners en statushâlders

augustus 31, 2018 09:59

Amsterdam sil it leararetekoart op skoallen foar it basis- en it fuortset ûnderwiis bestride mei in ynfaltiim fan goed sechtich gemeente-amtners. It giet om beliedsmeiwurkers dêr’t fjouwer in ûnderwiisfoech fan hawwe. De gemeente sil dat freed buorkundich meitsje, berjochtet de Volkskrant.

Foto: pixabay.com

De meiwurkers dy’t net foar de klasse stean meie, sille skoallen bygelyks stypje mei de administraasje of as klasse-assisint. It is de bedoeling dat de amtners ien kear yn ’e wike op in skoalle binne. De gemeente besjocht ek de mooglikheid om hast ôfstudearre studinten en heechoplate statushâlders foar de klasse te setten. By de statushâlders giet it ûnder oare om Syriërs dy’t yn harren thúslân ek foar de klasse stiene. De measte fan harren sille op in skoalle foar fuortset ûnderwiis wiskundeles jaan.

De Amsterdamske ûnderwiiswethâlder Moorman neamt it yn ’e krante in urgint probleem. De haadstêd wurdt hurd rekke troch it tekoart oan leararen. Der binne noch mear as hûndert iepensteande fakatueren, skriuwt de krante. Foaral op basisskoallen is it lestich om personiel te finen. Bûten Amsterdam wurde skoallen ek hieltyd kreativer yn it finen fan leararen. Sa meitsje bygelyks dieltiders mear oeren, wurde der sydynstreamers en weryntreders oannommen en soms wurde der sels ûnderwiisassistinten en stazjêrs foar de klasse set.

augustus 31, 2018 09:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.