Al goed 350 Buorljusdei-aktiviteiten yn Fryslân

augustus 9, 2018 08:00

Yn 97% fan gemeenten wurdt Buorljusdei fierd

Foto: Oranjefûns

Al goed 350 buerten yn Fryslân hawwe har oanmeld foar Burendag. Foar de trettjinde edysje binne yn it hiele lân al hast 5.000 aktiviteiten oanmeld. Mei noch oardel moanne te gean is it goed mooglik dat it rekôroantal fan 2017 (hast 6.000 dielnimmende buerten) ferbrutsen wurde sil. Yn 97% fan de Nederlânske gemeenten wurde Buorljusdei-aktiviteiten organisearre. Yn mar alve gemeenten binne noch gjin aktiviteiten oanmeld. Douwe Egberts en it Oranjefûns organisearje Buorljusdei jierliks op de fjirde sneon fan septimber, dy’t dit jier op 22 septimber falt.

De organisatoaren kinne no al sizze dat de belangstelling noch grutter is as ferline jier. Dat docht bliken út it feit dat it budzjet dat beskikber is foar Buorljusaktiviteiten al folslein oanfrege is. Dêrom is it fan no ôf net mear mooglik om jild oan te freegjen foar in aktiviteit. It is noch wol mooglik om in Buorljusdeipakket oan te freegjen fia www.burendag.nl. Dêr binne ek tips te finen om der in ûnferjitlike dei fan te meitsjen. Alle jierren kinne dielnimmende buerten in bedrach oant 400 euro oanfreegje by it Oranjefûns foar har Buorljusdei-aktiviteit. Om yn ’e beneaming te kommen foar dy bydrage moat de aktiviteit derfoar soargje dat buorlju mei-inoar yn ferbining komme.

It Oranjefûns stribbet dernei dat net ien him bûtensletten fielt en elkenien meidwaan kin yn de maatskippij. Dêrom stipet it alle jierren tûzenen projekten dy’t minsken mei-inoar ferbine. Dy stipe bestiet út jild, omtinken en advys. Kening Willem-Alexander en Keninginne Máxima binne it beskermpear fan it Oranjefûns.

augustus 9, 2018 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.