Afgaan stekt yn Amsterdam mei mes op minsken yn

augustus 31, 2018 22:25

In Afgaanske man hat freedtemiddei op it sintraal stasjon fan Amsterdam mei in mes swaaid en dêrnei twa minsken delstutsen. Hja binne nei it sikehûs ta broch. De plysje hat de dieder delsketten. Hy leit ek yn it sikehûs. De slachtoffers binne der min oan ta.

De dieder is in njoggentjinjierrige Afgaan, dy’t yn Dútslân asyl krige hat. De plysje hâldt der rekken mei dat er in terroristysk motyf hie.

De stekkerij hat derfoar soarge dat in part fan it Amsterdamske stasjon freedtemiddei en jûn bûten gebrûk wie. Dat late ta in grutte ferkearsgaos.

augustus 31, 2018 22:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.