Acht iuwen keatshistoarje en keatskultuer beskreaun

augustus 21, 2018 12:56

Keatse by bar de Keats yn Arum (1982. Foto Pien Breuker-Van der Eems)

Boekoankundiging

It keatsen is mear as 800 jier lyn ûntstien op goed 600 kilometer fan Fryslân ôf, te witten yn de galeryen fan kleasterhôven yn Noard-Frankryk. It spul hat him dêrút wei stadichjesoan yn alderhande farianten oer tsientallen lannen ferspraat, yn, mar mear noch bûten Europa. Yn Fryslân keatst it folk mooglik sûnt it begjin fan de sechtsjinde iuw, sûnder ûnderbrekking. Ta it keatsgebiet hearde al earder Nederlân, mar dêr is it, op Fryslân nei dus, al san hûndert jier lyn frijwol útstoarn.

Oer de rike skiednis fan it fenomeen keatsen is okkerdeis in mânsk boek ferskynd: Lytse bal, grut spul fan Pieter Breuker. It is taspitst op Fryslân, mar omdat rûnom op de wrâld noch oare keatsfarianten spile wurde, sjocht de auteur ek geregeld oer de grinzen.
De fjouwer haadtema’s fan it boek binne: Histoarje; Kultuer algemien; Taal en Literatuer. De auteur leit hieltiten wer ferbiningen tusken keatsen en kultuer en snijt dêrtroch ûnderwerpen oan dy’t yn de algemiene oersjoggen koart of hielendal net oan ’e oarder komme.
It boek begjint mei in ferbinende, algemien-(kultuer)histoaryske ynlieding op it ûnderwerp. Dan folgje 32 earder ferskynde artikels, yn Fryslân en om utens. Dy binne foar dizze útjefte allegearre opnij bewurke. Fan de 32 bydragen binne 21 yn it Frysk en 11 yn it Nederlânsk skreaun. In wiidweidige ynhâldsopjefte en registers op persoanen en op plaknammen ferheegje de tagonklikens fan it boek.

De skriuwer yn it keatsmuseum (foto Jan de Boer)

De skriuwer, Pieter Breuker, is âld-dosint en -ûndersiker Frysk oan de Rijksuniversiteit Groningen, âld-foarsitter fan it Keatsmuseum en fan Stichting de Sportwereld. Hy wie earder ek sporthistoarikus oan de Katholieke Universiteit Leuven en is in bekend keats- en sporthistoarikus, yn en bûten Fryslân. Hy is yn 2017 troch it Prins Bernhard Cultuurfonds ûnderskieden mei de lanlike Zilveren Anjer foar syn bydragen oan de Nederlânske kultuerhistoarje, ‘in het bijzonder de kaats- en sportgeschiedenis in relatie met kunst en cultuur’.

Boekgegevens
Boekfersoarging: Barbara Jonkers
Utfiering: hardcover, full-colour
384 siden, € 35,00 /Utj.: Wijdemeer Ljouwert

 

 

 

augustus 21, 2018 12:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.