Aant Mulder: kleurige fjilden

augustus 14, 2018 07:00

Kollum

Wy ha de kleurige fjilden by Sleat besjoen. De earste kearen dat ik dêr wat oer hearde, begriep ik der neat fan. Der moat dêr in gigantysk tal skilderijen yn it lân komme te stean, skilderijen dy’t dan tagelyk wer ien gehiel foarmje. Dat wurdt The Colourfield Performance neamd. Mei-inoar ien grut keunstwurk meitsje. Dat is wat keunstner Dirk Hakze foar eagen stiet. Hy wit wêr’t er oer praat, want hy hat faker sokke grutte projekten dy’t er ek wol Land-Art neamt, by de ein hân. Op in Oerolfestival makke er al in kear 144 skilderijen dy’t as in lint troch de dunen slingeren. Letter ha op it strân fan Skiermûntseach wol 550 skilderijen yn de foarm fan in pompeblêd op it strân stien. Der is lykwols al in ferskil. No giet it derom safolle mooglik keunstners yn dat Land-Art projekt te beheljen en dat projekt in plakje te jaan yn de Sleattemer mienskip. Dat hat fansels wer te krijen mei it tema ‘Mienskip’ fan Ljouwert-Fryslân 2018.

Hakze set no yn op 444 keunstners en op 499 skilderijen. De 55 panielen dy’t oerbliuwe wol er sels beskilderje. Dy 499 panielen steane yn in trijehoeke mei siden fan 144 meter. Dat is likefolle meters as it tal skilderijen, dat er foar Oerol skildere. Dirk Hakze hat dus net allinne wat mei skilderijen, mar hy hat ek wat mei getallen. Ik moat ek begripe dat it net tafoel en fyn in gaadlik stik lân om it projekt te realisearjen. It is Sleat wurden. Sels hie ’k leaver sjoen dat er in stik lân socht en fûn hie, dêr’t dy hiele trijehoeke op kinnen hie. No rint der in soarte fan drûge sleat trochhinne. Dat steurt my. It makket it gehiel minder strak en de rûte bylâns de skilderijen minder logysk. Of it soe sa wêze moatte dat de skilder der in sin by hân hat, mar dat hie ’k dan wol witte wollen.

Hawar, wy sette fleurich útein. Wy binne tegearre en wy ha de trije bernsbern by ús. Wy sette de fytsen by de hikke del, krije in folder út it bakje en begjinne oan ús kuiertocht. Der binne al aardich wat skilderijen klear. Likegoed steane der noch in hiele protte folslein wite doeken tusken. Dat is ek wol logysk, want it projekt rint fan 15 maaie oant en mei 15 septimber, wylst de skilderijen oan 1 oktober ta besjoen wurde kinne. It hiele projekt moat dus yn 101 dagen klear. Wer sa’n apart getal! Wy ha mei ús fiven aardige petearen oer de skilderijen. De ien sjocht wat de oar net sjocht. De iene kear bestudearje we de skilderijen fan tichteby, de oare kear nimme we ôfstân. Wy fertelle inoar wat we moai fine. Der hinget ek in skilderij by, dat we wol keapje wolle soene.

Wy dogge it net, want as we alles sa’n bytsje besjoen ha, komme we ta de konklúzje dat de skilderijen fan it waar te lijen ha. Dat kin hast ek net oars. Der is lykwols nimmen dy’t we dat freegje kinne en mei wa’t we efkes oer dat iene skilderij prate kinne. Der is yn gjin fjilden of wegen in skilder te bekennen. Dat is nuver, want as yn sa’n 100 dagen krapoan 500 skilderijen makke wurde moatte, dan soene alle dagen wol guon skilders dwaande wêze kinne. Net dus. Der rinne allinne mar in pear oare besikers om. Ik sjoch ris nei de oare kant fan de dyk dêr’t in pear pagoadetinten steane. Soene we dêr wêze moatte? Dêr is lykwols hielendal gjin beweech. Ik sjoch ek gjin buorden mei it opskrift ‘besikerssintrum’ of sa dy’t nei de tinten ferwize. Dat ik kom ta de konklúzje dat dat it domein foar de skilders is en dat we dêr neat te sykjen ha. De besiker is foar myn gefoel hielendal op himsels oanwiisd. It ferhaal wurdt net ferteld, oer skilderijen kin net praat wurde en fideobylden fan it projekt kinne net besjoen wurde. Dat tinke we alteast en wy sille grif net de iennigen wêze. Dat moat oars en better kinne. Wy sette ôf. Thús lês ik de folder en sykje op ynternet om mear ynformaasje. Dat hie ’k better earst dwaan kinnen.

Guon dingen dy’t ik dan lês, ha ’k al neamd. Nei lang sykjen fyn ik út dat yn de tinten in soarte fan galery wêze moat, dat de konteners bedoeld binne foar it ark fan de skilders en dat der in skip leit, dêr’t de skilders efkes bekomme en byprate kinne. Dat ik net op it bolwurk fan Sleat stien ha, muoit my noch it meast. Dêr hie ’k in moai útsjoch op de trijehoeke hân. Dêr hie ’k sjen kinnen, hoe’t de skilderijen op ôfstân besjoen ien kleurich gehiel foarmje. Ik hie genietsje kinnen fan it útsjoch op The Colourfield Performance fan Sleat. Ik ha der dus net stien, om’t ik dat thús pas lies. Hawar, ik wenje tichteby. Dat doch ik dus noch wol ris in kear. It muoit my suver om al dy oare minsken dy’t fan om fierrens komme en dêr grif ek net stien ha. Dy kinne net sa maklik efkes weromkomme. Ik lês dat der al sa’n 12000 besikers west ha. Dat wol my mar min oan. Doe’t wy der wiene, ha we mar in pear minsken sjoen. Tagelyk freegje ik my ôf hoe’t se dy tûzenen teld ha. Ik ha der neat fan murken. As der no al of net in protte besikers komme, ik fyn wat Dirk Hakze en dy 444 skilders dêr mei-inoar dogge in prestaasje fan komsa. Dêr moat mear reklame foar makke wurde.

Reklame, mar it soe tagelyk moai wêze as guon dingen op lokaasje en op de webside wat dúdliker oanjûn wurde. Wat mear reklame makke wurdt, wat mear minsken derop ôfkomme. Dat sjogge we wol as it oer hynders, skippen en reuzen giet. Der is sa’t it liket genôch romte foar advertinsjes en spotsjes as it om LF2018  giet. It soe skande wêze as dit prachtige projekt mei keunstners út in grut ferskaat oan lannen, mar benammen ek fyftich út Fryslân, ûndersnijt. Fryske keunstners yn aksje! Dat wolle we dochs graach! Mar goed, ynkoarten sjogge jimme my grif wol in kear op it bolwurk fan Sleat stean. Doch dat ek mar.

foto’s: Aant Mulder

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 11 augustus yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

augustus 14, 2018 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.