Aant Mulder: Goeie, dobrý den

augustus 7, 2018 07:21

Kollum

In wat nuver begjin fan dizze kollum, mar dobrý den betsjut ‘goeie’ yn it Tsjechysk. Wy ha okkerwyks nei Tsjechië ta west. Yn ien dei wiene we der. De ôfstân is dus net rare grut, mar de ferskillen tusken ús lân en Tsjechië binne dat wol. Foar in grut part ha dy ferskillen te krijen mei de hiele oare skiednis fan dat lân midden yn Europa. Dat betsjutte bannen mei Dútske lannen en letter nei 1945 ûnder tafersjoch fan Ruslân bannen mei East-Europeeske lannen. Ik wol net te fier yn de skiednis werom. Nei de Earste Wrâldoarloch waard it grutte Eastenryksk-Hongaarske Ryk ferdield yn nasjonale steaten. Doe waarden de Tsjechen baas yn eigen lân en om’t de Slowaken harren dêrby oansleaten waard dat Tsjecho-Slowakije.

In part fan de befolking, benammen yn it westen wie Dútsktalich en waard dêrom Sudeten-Dútsers neamd. Dy groep fielde him tekoart dien en dat wie foar Hitler genôch oanlieding om dy gebieten te ‘befrijen’, sa’t se dat doe yn Dútslân neamden. Slowakije rôp doe de eigen selsstannigens út. Dútslân besette wat fan Tsjechjo-Slowakije oerbleau en neamde dat it protektoraat Bohemen en Moravië. Nei de Twadde Wrâldoarloch kaam der wer in republyk Tsjecho-Slowakije. De Sudeten-Dútsers waarden nei Dútslân ta ferballe en Tsjecho-Slowakije waard in kommunistysk lân. Yn 1968 is der rebûlje, de koartduorjende ‘Praagse lente’. De studint Jan Palach dy’t himsels op it Wenceslausplein yn Praach yn ’e brân stuts, waard dêr it symboal fan. Goed tweintich jier letter makke de saneamde Fluwielen Revolúsje in ein oan de kommunistyske oerhearsking. De demokrasy kaam werom en Václav Havel waard presidint. Yn 1993 makke Slowakije him yn goed oerlis wer los fan Tsjechië. Dat is no sawat de situaasje.

Sa’n skiednis, dêr moat yn de taal wol wat fan werom te finen wêze. It Dútsk en it Russysk ha beide wichtige talen west. Dat jildt eins noch hieltyd foar it Dútsk. Tsjin de Dútske grins oan prate sa’n 50.000 Tsjechen Dútsk. Tsjin de Poalske grins oan wenje likefolle poalskpraters. Fierder binne der noch sa’n 150.000 Roma (sigeuners) mei har eigen taal en dialekten. It Russysk is wol ferdwûn, hoewol’t party âldere minsken it grif noch wol prate kinne. Ik ha my fertelle litten dat de leararen Russysk gauris Ingelsk en Dútsk leard ha en no learaar Ingelsk of Dútsk binne. Studinten koene dy leararen gauris ferbetterje.

As ik nei dialekten fan it Tsjechysk freegje, krij ik te hearren dat dy der net binne. Dat fernuveret my. As ik fierder freegje, krij ik te hearren dat de ynwenners fan Praach wol oan har taal werom te kennen binne, krekt sa’t wy Amsterdammers weromkenne. In studint fertelt my fierder dat it Tsjechysk in lestige taal is en dat dat likegoed foar de sprektaal as foar de skriuwtaal jildt. Hy hat de taal oanleare moatten. Dat foel net ta. Freonen ferbetterje him noch hieltyd. Hy skriuwt gauris wurden troch dy goed te besjen en dy wurden foar kar te nimmen dy’t gaadlik en moai lykje. Dat petearke makket my nijsgjirrich en nei in skoftke sneupen wurdt it my dúdlik dat der in offisjele standerttaal foar skreaune teksten is, dy’t aardich ôfwykt fan wat de minsken prate en dat de minsken net allegearre gelyk prate. Der binne dus wol deeglik dialekten. It liket Fryslân wol mei Afûknoarm foar de skriuwtaal en it sprutsen Klaai- en Wâldfrysk. Dialekten binne benammen yn it easten fan Tsjechië, yn Moravië, oan ’e oarder. It wurdt dúdlik. Yn it westen, yn Bohemen, prate se algemien Tsjechysk. Dat Tsjechysk liket aardich op wat yn Praach praat wurdt en bûten Bohemen wurdt dat Pragosintrisme neamd. Ik moat daliks oan Amsterdam en Hollân tinke. Yn Bohemen en yn Praach tinke se dat se allegearre deselde taal prate. Dat tinke se yn Hollân ek. Dat se dat dêr yn Moravië en hjir yn Fryslân dat wat oars sjogge, docht der net ta. Yn Moravië ha se nammers ek muoite mei de namme Tsjechië. Dy namme fan in diel fan Tsjechië wurdt ommers brûkt foar it hiele lân sa’t we dat ek dogge mei Ingelân en Hollân.

Der falt my noch wat oars op. It Tsjechysk hat op stjerren nei dea west. Yn de lette midsiuwen en koart dêrnei wie it in bloeiende taal. Doe kamen de Habsburgers en sa waard it Dútsk de gongbere taal. Om 1800, de tiid fan de Romantyk, hinne binne der twa minsken dy’t wer krewearje foar de eigen taal. Dat moat fierwei komme en dêrom wurdt ek weromgrepen op it âlde Tsjechysk. It liket Fryslân wol mei de Halbertsma’s. No is der in Tsjechyske steat mei in Tsjechyske taal. Dêr hâldt de ferliking dus op.

Ik begryp neat fan it Tsjechysk. Dat komt trochdat it Tsjechysk net in Germaanske en ek net in Romaanske, mar in Slavyske taal is. Benammen de bylûdkloften en it grutte tal diakrityske tekens, de streekjes en sa, falle op. No ha we yn it Frysk ek wol bylûdkloften lykas: flj, tsj of skr, mar dat is neat ferlike mei it Tsjechysk: sprcha = dûs en yn it Tsjechyske tongersdei = čtvrtek tel ik ek wol fiif bylûden op in rychje. De diakrityske tekens begjin ik mar net iens oan. Yn it Tsjechysk sjoch ik wol trije, fjouwer ferskillende diakrityske tekens op in ferskaat oan letters stean. Nei sa’n fakânsjewike begryp ik net wêr’t we ús yn Fryslân wolris drok om meitsje. Want sis no sels, wat stelle twa, trije (it dielteken meirekkene) diakrityske tekens op sa’n tsien letters no hielendal foar. It komt lykwols noch hieltyd foar dat ik yn digitale formulieren dy pear tekens net brûke kin. Besykje ‘Fryslân’ mar ris goed yn te foljen. Hawar, foar no: dobrý den mei it streekje op de y! Goeie dus of oars: S přáním krásného (fiif diakrityske tekens!). Dat betsjut: Mei freonlike groetnis!

Foto’s: Aant Mulder

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 4 augustus yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

augustus 7, 2018 07:21
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. jangerben augustus 7, 18:35

    Myn frou en ik mei de bern, ha yn 1981 yn ús selsboude kampearwein in trije wykse rûnreis makke troch Tsjecho-Slowakije. Doe lei de wrâld dêr hiel oars hinne.De tiid hie dêr stil stien.Alles noch hiel primityf.De befolking wie eins suver wat fijannich tsjinoer ús, Kapitalista wurden wy neamt. Op kampings moasten se in hiel formulier ynfolje en dêr hiene se in soad wurk mei.Sa ek mei de winkelbetsjinning, der siet gjin eigenbeang by.Mar wol in moai lân en Praach is in prachtige stêd,

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*