Aant Mulder: ferdwaalde reuzen

augustus 19, 2018 12:22

Kollum

De reuzen fan Royal de Luxe lykje wol ferdwaald. Dit wykein, op freed, sneon en snein kuierje se yn Ljouwert om. Op it stuit dat jimme nei dit ferhaal harkje, steane wy yn Ljouwert om’t we fan dat spektakel neat misse wolle. It is fansels mooglik dat jimme hielendal net harkje, om’t jimme ek nei Ljouwert ta binne. As ik de minsken om my hinne hear, begjint it dêr hieltyd mear op te lykjen. Dat strykt mei de ferwachtingen. Der wurde ommers wol 400.000 minsken ferwachte.

Dy reuzen ha my yn de besnijing krige. Dat fernuveret my wol in bytsje, want wat ha we no mei reuzen? Yn Drinte ha se Ellert en Brammert, dy’t yn in hol ûnder in grut heidefjild wennen, it hjoeddeiske Ellertsfjild fansels. Se spanden triedden oer dat fjild en oan dy triedden bûnen se in bel. Sa koene se maklik reizgers berôvje. Ferhalen fan reuzen binne der ek oer it ûntstean fan de Uddelermar yn Gelderlân, it ûntstean fan de Maas en de hichten yn Limboarch. Dy streken, dêr ha se wat mei reuzen. Wy net! Alteast dat tocht ik. Ik hie Manke Meine en Kromme Knilles oer de holle sjoen. Dy twa reuzen groeven mei grutte skeppen in feart fan de hege sângrûnen ôf nei de lege klaaigrûnen ta. Dy feart wurdt no de Boarn neamd. Doe’t Knilles in kear efterom seach, rôp er ‘Ach krom’. Meine joech Knilles de skuld fan dy nuvere kromme bocht en woe net mear mei him oparbeidzje. Hy groef rjocht en sûnder bochten fierder. Dat waard de Meinesleat en dy fan Knilles, dat waard de Kromme Knilles. De boeren yn it lân hiene ûnderwilens heard wat Knilles rôp en fûnen dat ‘Ach krom’ in moaie namme foar harren wenplak. Dat waard dus Akkrum. Sûnt 1979 ha Manke Meine en Kromme Knilles tegearre ien stânbyld: twa plaatstielen sylhûetten steane sûnt yn dy bocht fan de Boarn.

Reuzen binne fansels net allinne grutte minskeftige figueren yn myten, folksferhalen en mearkes. It binne ek gauris hiele grutte minsken. Robert Wadlow is dêr bygelyks in foarbyld fan. Hy wenne yn de earste helte fan de foarige iuw yn Amearika en waard 2 meter en72 sintimeter. Sokke reuzen ha wy net of it soe Pier Gerlofs Donia wêze moatte, dy’t we better as Grutte Pier kenne. Hy libbe om 1500 hinne en brûkte in swurd dat 2 meter en 13 sintimeter lang wie en krekt wat mear as 6,5 kilo woech. Dy Pier fan Kimswert stiet suver tusken de mytyske figueren en de grutte persoanen yn. In figuer, dêr’t we net rjocht fan witte oft we dêr no al of net grutsk op wêze moatte. Hy sprekt lykwols ta de ferbylding. Dat wurdt út ferhalen, boeken, stânbylden, toaniel en film wol dúdlik. Fan dy frijheidsstrider ha se ek in echte reus makke, in reus dy’t hiel goed yn it foarprogramma fan de reuzen fan Royal de Luxe mei de foarstelling ‘Grote schaats in het ijs’ meidwaan kinnen hie. Hoe sit dat krekt.

It meitsjen fan grutte poppen op grûn fan mytyske, skiedkundige of religieuze eftergrûnen is fan alle lannen en fan alle tiden. Wy ha dêr yn Fryslân net folle mei en dêrom witte we der eins ek neat fan. Likegoed docht Grutte Pier yn dat fermidden fan grutte poppen as echte reus mei. Yn juny 1998 rint er foar de earste kear yn in grutte optocht troch Makkum, optochten sa’t dy yn it suden fan ús lân gewoan binne. Nei in ferskaat oan optochten en manifestaasjes yn ’e mande mei oare reuzen komt de ein earder as ferwachte. Dat is yn 2015 as om Grutte Pier hinne in hiel spektakel organisearre wurdt. De reuzen fan dy optochten binne om praktyske redenen ornaris krekt gjin seis meter. Dat ik rûs dat Grutte Pier tusken de 5 en 6 meter lang is. It hûntsje fan Royal de Luxe is 3 meter, it famke 5 meter, de dûker 11 meter. Grutte Pier koe dus besjen lije. Sa’n 35 manlju en froulju ha it hast tweintich jier lang mooglik makke dat de reus Grutte Pier aktyf wêze koe. No leit er dus sûnt 2015 en noch gjin 20 jier âld yn de kaanferballen, om’t der net genôch minsken binne om him letterlik en figuerlik oerein te hâlden. Nuver, want foar Royal de Luxe binne dy der wol.

No wie de reus Grutte Pier yn dizze kontreien wol hielendal allinne en dat, wylst der yn ús lân hast wol tweintich fan sokke reuzen binne. De measte fan dy reuzen wenje lykwols yn it suden fan ús lân, yn Brabân en Limboarch. Se wenje ek yn in grut ferskaat oan Europeeske lannen. Sels de hiele wrâld oer komme se foar. Yn Spanje binne der wol sa’n 2000! It liket my sadwaande wat in súdliker tradysje ta. Dat hat grif te krijen mei it waar, it leauwe en de blierens fan de minsken. De taskôgers dy’t fan sokke optochten genietsje kinne, dat binne ornaris deselden dy’t ek karnaval fiere! Ik leau, dat ik dochs wol gelyk ha. Fryslân is net in provinsje foar reuzen. Dêr ha we net safolle mei. De reus Grutte Pier wie wol moai betocht, mar it is no net daliks in reus om fleurich fan te wurden. Hy hie himsels tsjin, hy hie it waar tsjin en hy hie de ynbannige Friezen tsjin. Dat is yn Frankryk wol hiel oars. Dêr rinne wol mear as 500 fan sokke reuzen om. Se komme jin samar oer ’t mêd. Dat witte we út eigen ûnderfinen, doe’t we in kear yn de Provence wiene. Gjin wûnder dat dêr in teäterselskip as Royal de Luxe mei sokke prachtige reuzepoppen as de hûn Xolo, it famke en de dûker bestean kinne.

It famke sil guon grif bekend foarkomme, want sy hat as neimakke pop yn 2010 al yn de allegoaryske optocht fan Sint Nyk meirûn. Hawar, krekt om’t de measten fan ús der sels net folle mei ha, om’t it hiel wat oars is, kinne we der dit wykein foar ien kear wol ôfgryslik fan genietsje. It is foar ús hiel bysûnder om’t se hast fan in oare planeet lykje te kommen, yn alle gefallen ferdwaald lykje. Dêrom sette we foar ien kear allegearre op Ljouwert ta. Ik ek.

foto’s: Aant Mulder

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 18 augustus yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
augustus 19, 2018 12:22
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. jangerben augustus 19, 20:25

    Leuk ferhaal Aant

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.