Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (30)

augustus 25, 2018 08:00

Cornelis de Vos (1585-1651), Kristus en de Samaritaanske frou

It wetter fan ’e Samaritaanske frou

Ik reizgje yn Samaria om, dêr’t de lju net alhiel Joadsk binne. By de boarne fan Jakob, by de stêd Sichar, wol ik efkes bekomme, as der in Samaritaanske frou komt om wetter út ’e boarne te heljen. Ik freegje har:
“Jou my wat te drinken, frou.”
Se seit dêrop:
“Hoe kinne Jo as Joad no wat te drinken freegje oan my, in Samaritaanse? Jim Joaden wolle ommers gjin gedoente mei ús hawwe. Jim beskôgje ús ommers as ûnrein.”
“Kensto God? Dan kinsto, as Samaritaanse, my om it libbenswetter freegje en ik, as Joad, sil it dy jaan. Want it heil en de rêding sil út ’e Joaden komme.”
“Mar Hear, Jo hawwe ommers gjin amer en de put is heislike djip.”
“Ik sis dy, frou, wa’t fan dyn wetter drinkt, sil wer toarst krije. Mar wa’t drinkt fan myn wetter, sil oant yn ’e ivichheid gjin toarst mear hawwe. Rop dyn man mar ris.”
“Ik haw gjin man”, seit se.
“Sa is dat. Do hast fiif manlju hân en dy’tsto no hast, is dyn man net.”
“Dat is wier. No begryp ik, Hear, dat Jo in profeet binne. Us foarâlden bidden ta God op dizze berch en jim sizze dat Jeruzalem it plak is dêr’t God oanbean wurde moat.”
“Frou, der komt in tiid en dy tiid is tichtby, dat God net op ’e berch en ek net yn Jeruzalem oanbidden wurde sil mar yn geast en yn wierheid.”
“Ik wit dat de messias, de man fan God, komme sil.”
“Dat bin ik”, sis ik en ik jou har de seine.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
augustus 25, 2018 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*